Pagina 5 De hear De Vries (PvdA): Wêr giet it yn de moasje oer? Oer in part of it gehiel fan it bedriuw? Wat foar omfang hat dat part? Mefrou Verkerk (VVD): It leafst it totale bedriuw. By in part hat men it oer it swierste diel fan it bedriuw (heiwurken) en net oer it beton. Mei Provinsjale Steaten neigean wat foar plak der foar it swiere materieel is. De hear De Vries (PvdA): Moatte wy ja sizze tsjin in moasje dêr't wy net fan witte wat no krekt de konsekwinsjes binne? Mefrou Verkerk (VVD): It prinsipe is it totale bedriuw yn Aldeboarn. Yn oerlis mei Provinsjale Steaten sjen wat de mooglikheden binne. Oer de trije punten (frege maatregelen) yn de moas je: De earste twa bliuwe stean. Oan it tredde punt in termyn stelle. Dat kin de ein fan it jier wêze mar ek earder. Wethâlder Bouma: Der binne útspraken yn de moasje ferwurke. De bestimmingsplanwiziging kin net start wurde foardat it bedriuw ferpleatst wurde. Dat hat men yn Akkrum sjoen by Boarnstee (miljeusirkel eardere bedriuw Hiemstra). Is it dus net iens mei punt ien. Datselde jildt foar it twadde punt (wentebou oan de noardkant). Al soe it kolleezje it wolle, dan soe der ek noch ekstra jild frege wurde moatte. Tredde termyn Mefrou Verkerk (WD): Freget har óf dat men net begjinne kin mei it opstarten fan de prose- duere foar de bestimmingsplanwiziging. De loads is noch nedich om de tiid te hawwen om der wei te kommen. De hear Janse (FNP): Freget om in koarte ûnderbrekking. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. De hear Janse (FNP): Is nei oerlis ta de folgjende oanpassing fan de moasje kommen: Nei 'Spreekt uit': 'Dat Knol bij voorkeur in Aldeboarn dient te blijven.' De rest ferfalt. 'Besluit' bliuwt bestean. De opdracht oan it kolleezje om de bestimmingsplanproseduere foar it terrein fan Knol oan de Fjûrlânswei op te starten ferfalt. De foarsitter: Bringt de moasje yn stimming. De hear Zijlstra (PvdA): Sa't de saken hjir foarlein wurde is hy derop tsjin. Hy hopet wol op in fierdere Ontwikkeling yn Aldeboarn. De foarsitter: Der binne 5 stimmen foar de moasje en 11 tsjin en dêrmei is de moasje fersmi- ten. 13. Slute De foarsitter betanket de oanwêzigen foar harren bydrage en stút de gearkomste om 21.10 oere. 04. Ferslach 16032004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 7