De hear Bouma (VVD): Yn it fêststelde belied soe der in Fryske hiemside komme. Wethâlder Jonkers: In het verleden is er een cd geweest, maar die kan nu niet meer worden ge bruikt. De hear Roorda (PvdA): 25% fan de stikken yn it Frysk: Hie de suggestje dien om dat bygelyks troch studinten mjitte te litten. Wethâlder Jonkers: Men is er al mee bezig om een beeld te krijgen van de percentages. Zal de suggestie meenemen. De hear Bijlsma (FNP): De FNP wol him pragmatysk ynsette foar it Frysk. Konstateart dat der net folie mear yn it Frysk ferskynt. It is noch te folie geveltsjefrysk. Lang net alle korrespondinsje nei PB en provinsje is yn it Frysk. It sakket yn syn beleving hyltyd mear werom. Is it net mei it kol- leezje iens oer de omfang fan de Fryske stikken en baseart dat op opmerkingen en fragen fan minsken út de gemeente. It moat dúdlik wêze dat der nei 25% stribbe wurdt. No binne allinne de wurklist en ynkommen stikken yn it Frysk. De kommunikaasje jildt ek foar Op 'e Hichte. Mefrou Beetstra (gjin FNP-meiwurkster) is aktyf by in tal gemeenten yn Fryslân foar it oersetten fan hiemside yn it Frysk. As de stikken foar 25% yn it Frysk binne dan kinne dy stikken ek wol op de hiemside. Krekt as by de notulen. De hear De Vries (PvdA): As men de ynformaasje twatalich oanbiede wol, dan moat men dat hyl tyd aktualiseard wurde. De hear Bijlsma (FNP): De eigen amtners moatte by steat achte wurde om dy op ynternet yn it Frysk oan te leverjen. Op de Frysktalige hiemside hoecht net alles yn it Frysk te wêzen. De hear De Vries (PvdA): Hoe sit it mei de 25% op de hiemside? De hear Bijlsma (FNP): Op it Nederlânske part stiet itselde as op it Fryske part. Krekt as mei de notulen. Der bliuwt in part oer dat aktualiseard wurde moat en dat moatte de amtners wol oan kinne. De FNP kiest foar in pragmatyske benadering. It kostet wat jild, mar de FNP is fan betin- ken dat der in belied sûnt 1996 is en dêrby waard de kommunikaasje neamd en dêrfan is ynter net in part. Fynt dat it foar in reedlik bedrach kin. It kin net allinne mei in petear yn de ried ta lyk- as de foarige kearen en dêrom dit foarstel. Fynt it net in beheining foar minsken dy't it Frysk net goed yn de macht hawwe. De funksje-eask Frysk: by kar út kwaliteit moat men sok dwaan. Minsken mei in goede oplieding soe men sa foar Fryslân behâlde kinne. It ûnderhâld fan de web- side kin troch eigen amtners opfongen wurde. Ljouwert hat wol in Fryske hiemside. Yn Boarn- sterhim binne in protte net Frysktalige boargers dy't in Fryske kursus folgje. Twadde termyn De hear Roorda (PvdA): It wurdt no krekt dizeniger. It giet benammen oer it ûnderhâld fan de dy- namyske gegevens. Dat soe te folie frege wêze, want wy libje yn in finansjeel krappe tiid. Op dit momint komme ta in Frysktalige hiemside (statyske gegevens) en it ûnderhâld fan de statyske gegevens foar 600 is ek oer te sjen. En de Fryske stikken kinne der ek op. As it persintaazje Fryske stikken omheech giet, dan nimt it tal stikken op de hiemside ek ta. De hear Bouma (VVD): Is it wol mei de FNP iens dat der folie mear barre kin. Kin net meigean yn it punt fan it ynternet. Pagina 8 04. Ferslach 20-04-2004/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10