De hear Hemminga (GB): Hy wie it spoar bjuster by it ferhaal fan de hear Bijlsma oer de funksje- eask Frysk. Dat kin net de earste eask wêze. Fielt der net foar om der jild foar út te lûken. Men moat net te folie amtlike oeren hjirfoar ynsette. De hear Bijlsma (FNP): Oer it foarstel fan de hear Roorda: dat kin betizing jaan, omdat der dan te folie ûntbrekke soe. Yn earste ynstânsje de statyske ynformaasje en letter nochris fan de dy- namyske ynformaasje. De hear Roorda (PvdA): Docht it foarstel om yn punt 3 yn te foegjen foar 'de hiemside' 'staty ske gegevens fan'. De hear Bijlsma (FNP): Dêr kin de FNP har yn fine. Wol graach dat de wethâlder ûndersiket hoe't de persintaazjes fan it Frysk der hinne lizze. De gemeente moat en kin him profileare yn it Frysk. De foarsitter: De wethâlder hat de tasizzing oer it ûndersyk al dien. Bringt it foarstel fan de FNP mei de opmerking fan de hear Roorda (yn punt 3 ynfoegje 'de statyske ynformaasje'), dêr't de FNP har yn fine kin, yn stimming. De foarsitter: Konstateart dat der ynstimming is mei punt 1 en 2. Konstateart dat allinne de FNP en de PvdA en de hear Gerbrandij fan it CDA foar punt 3 binne. Mei 7 stimmen foar en 8 tsjin wurdt punt 3 dêrmei fersmiten. Foarstimd hawwe de leden Bijlsma, Janse, Roorda, Dekker, Soe- ten, De Vries en Gerbrandij. 17. Moasje fan GB2000, P.v.d.A. en VVD oer ferpleatsing bringstasjon. De hear Hemminga (GB): De ferpleatsing fan it bringstasjon hat yn de kommisje oan de oarder west. Alle reaksjes wienen tsjin it foarstel en dochs konstateart er dat de wethâlder it as in ûn- derdiel fan de bedriuwsfiering en as in meidieling sjocht. Mei oare wurden: it kolleezje beslút. As soks yn de kommisje komt, dan wurdt it oan de ried foarlein. En as de ried it net dêrmei iens is, dan folget dêrút neffens him in logyske konklúzje. Mar as it kolleezje de opfetting neist har del leit, dan is it iennige middel in moasje. De arguminten binne rom oan de oarder west lykas de sichtlokaasje, de romte, de finansjele Onderbouwing en de foarkar foar Idaerd. Lést fan de moas je de twa punten 'spreekt uit' foar. De tekst fan de moasje is sa: "De Gemeenteraad van de Gemeente Boarnsterhim, bijeen in vergadering op 20 april 2004 met als toegevoegd agendapunt: "Verplaatsing overlaad- brengstation Grou' overwegende: - dat de opslag "Idaerd" reeds geruime tijd niet meer voldoet aan de vigerende milieu-eisen; - dat het overslagstation "de Blikpolle" Grou op het randje van haar milieuvergunning functio neert en dat er op de bestaande locatie geen ruimte is om in te spelen op nieuwe inzamelme- thoden en veranderende marktomstandigheden; - dat de raadscommissie ROVVM deze situatie op 12 maart 2001 heeft besproken en daarbij, evenals het college van B W, de volgende insteek heeft gekozen: in principe moet er nieuwbouw van een nieuw overslagstation met opslag op het ter-rein op slag "Idaerd" gerealiseerd worden; nadere ideeën moeten worden uitgewerkt en op technische en financiële haalbaarheid worden onderzocht en de gewenste ontwikkelingen m.b.t. de verplaatsing van het overslagstation en de reali-satie van de opslag zal door het college van B&W ingebracht worden bij de bespre-king van de Voor jaarsnota 2001 - dat in de programmabegroting 2004 een post is opgenomen voor de ontwikkelkosten voor een overlaadstation van 80.216 zonder een nadere toelichting over de locatiestrategie (stand van zaken van) en de opbouw van het geclaimde investeringsbudget; Pagina 9 04. Ferslach 20-04-2004/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11