De hear Bouma (VVD): Hat deselde fraach. De rezjy hat net goed west. Wol de moasje oereinhâl- de, omdat alle feitlike yngrediïnten deryn steane. Wethâlder Van den Berg: Over het tweede punt van 'spreekt uit': het college gaat binnen de be voegdheid van het college daarmee aan de slag en zal daarmee naar de commissie komen. Zit nog wel met de technische kant daarvan in het duale systeem. Wil de gevoelens natuurlijk horen alvorens een besluit te nemen. De foarsitter: De ried stelt in kaderstellende saak oan de oarder. Freget de wethouder oft sy it pe- tear mei de ried oangean wol. Wethâlder Van den Berg: Wol deeglik. De hear Hemminga (GB): It is him net dúdlik wat it ferskil is tusken wat yn de moasje stiet en wat it kolleezje wol. Wat foar probleem hat it kolleezje mei de moasje? Der is niks op tsjin om de moasje yn stimming te bringen. De hear De Vries (PvdA): Men kin de saken fan twa kanten besjen. De wethâlder hat beide pun ten ûnder 'spreekt uit' aksepteard en sil mei nije kaders nei de ried komme. Wat foeget de stim ming oer de moasje dan noch ta? De hear Hemminga (GB): Oan de útspraak fan de kommisje is gjin gefolch jûn. De ried moat him neffens him oer de moasje útsprekke. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint op fersyk fan de hear Van der Meulen en de hear Janse. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Der wurdt persoanlik stimd oer de moasje. De hear De Vries (PvdA): Der wurde faker moasjes weromlutsen. Hat foldwaande fertrouwen yn de wethâlder omdat dy de twa punten 'spreekt uit fan de moasje tasein hat. Mefrou Dekker (PvdA): Tsjin mei deselde arguminten as de hear De Vries. De hear Gerbrandij (CDA): Tsjin, idem. De hear De Jong (CDA): As de wethâlder docht wat sy tasein hat, dan tsjin. De foarsitter: Hear De Jong, de wethâlder fiert altyd út wat dy tasein hat. De hear De Jong (CDA): Dan bin ik tsjin. De foarsitter: Der sit iets fan wantrouwen yn. Ik moat dat sizze. De hear Van der Meulen (CDA): Tsjin mei de deselde argumintaasje as de hear De Vries De foarsitter: Foar de moasje binne 10 stimmen foar en 5 stimmen tsjin. Tsjinstimd hawwe de leden Dekker, Gerbrandij, De Jong, Van der Meulen en De Vries. Dêrmei wurdt de moasje oan- nommen. It kolleezje freget beried. Underbrekt de gearkomste in momint. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Jout it wurd oan de loko-boargemaster. Pagina 12 04. Ferslach 20-04-2004/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 14