Wethâlder Bouma: Lêst in ferklearring foar: 'Het college wenst te verklaren dat zij de toezeggin gen die zijn gedaan door het college in de eerste, tweede en derde ronde vanzelfsprekend ge stand doet. Overigens wenst het college afstand te nemen van de door de raad aanvaarde mo tie.' De hear Hemminga (GB): Dit is in ûndúdlike situaasje. Freget om in ûnderbrekking. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. De hear Hemminga (GB): It giet te fier om it hiele kolleezje nei hûs te stjoeren. De wethâlder wurdt hâlden oan de tasizzing oangeande de twa léste punten fan de moasje. De kommunikaasje hat by dizze saak net yn oarder west. De opstelling yn de kommisje WWR wie de oanlieding foar de moasje. De brief wie net it antwurd dat men ferwachte hie. Fynt it wol in te swier machts middel fan it kolleezje. De hear De Vries (PvdA): De fraksje hat ferdield stimd yn de earste termyn. De ynformaasjefoars- jenning hie better moatten. De fraksje lukt de moasje no foltallich yn. De hear Bouma (VVD): De VVD stimt net langer mei de moasje yn. It wie in sinjaal nei it kolleezje ta. De kommunikaasje is tekoartsketten. It bliuwt ûnbefredigjend. De hear Janse (FNP): De FNP slút har oan by de oaren om de moasje werom te lûken. De foarsitter: Stelt fêst dat de earder oannommen moasje fan de ried weromlutsen wurdt. 18.Slute. De foarsitter winsket elkenien wol thús en slút de gearkomste om 00.20 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 1 8 maaie 2004. Op de publike tribune sieten neist parse en Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 6 minsken Pagina 13 04. Ferslach 20-04-2004/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 15