BOARNSTERHIM gemeente RIEDSFOARSTEL Riedsgearkomste Agindapunt Kommisjegearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 18 maaie 2004 12 (A-stuk) 3 maaie 2004 7 boargemaster Y. Dijkstra H.O. Hoekstra telefoan: 0566 - 629212, e-mail: hoekstrah@boarnsterhim.nl Underwerp: Gemeentelike "Passagiersschepenverordening". Foarstel: Lûk de "Verordening ter bevordering van de veiligheid van de vaart van passagiersschepen" yn. Ynlieding: Fanôf 1994 jildt yn in tal gemeenten yn Fryslân in "passagiersschepenverordening". De regeling is doe fêststeld om't it farren mei minsken op (âlde) sylskippen hieltyd tanaam en der gjin rigels wiene dy 't it each hiene op de feiligens fan de meifarrende minsken. Yn 2001 is lykwols in nije bylage fan it "Binnenschepenbesluit" fan krêft wurden. Sûnt dy tiid jil- de der lanlike easken en binne de gemeentelike rigels efterhelle. Yn 't saneamde "Breed Wetteroerlis" is de ûntsteane sitewaasje besprutsen. De konklúzje wie dat de gemeentelike oarderings fan rjochtswege ferfallen bïhne. Om misbegryp foar te kommen is ôfpraat, dat de rieden frege wurde sil de oardering yn te lûken. Arguminten: 1Yn 1994 is yn in tal wettergemeenten in Fryslân in oardering fêststeld mei as doel easken te stellen oan de deugdlikheid, ynrjochting en útrissing fan skippen om dêrmei de feiligens fan de meifarrende minsken en it farren seis te fergrutsjen. De oardering easket in fergunning foar it brûken op iepenbier wetter yn 'e gemeente fan: a. in skip fan 15 meter of langer, dat brûkt wurdt foar it bedriuwsmjittich ferfieren fan 1 of mear persoanen, de bemanning net meirekkene; b. in skip, dat brûkt wurdt foar it bedriuwsmjittich ferfieren fan mear dan 12 persoanen, de bemanning net meirekkene. De gemeenten ha doe ta it fêststellen fan de oardering besletten, om 't it (betelle) farren mei minsken op (âlde) sylskippen hieltiten tanaam, wylst dêr gjin lanlike rigels wiene oer de feili gens. 2. Yn 2001 binne dy lanlike rigels der wol kommen. Mei it fan krêft wurden fan bylage VII fan 't "Binnenschepenbesluit" kaam it eardere ûnderskied tusken motor- en sylskippen te ferfallen en ûntstie der in nije sitewaasje. Fanôf dy tiid jilde der lanlike easken foar sylskippen, wêrmei bedriuwsmjittich mear dan 12 persoanen ferfierd wurde. (n.b.: Ynearsten wiene skûtsjes net fan dizze rigels útsûndere. Letter is in wiziging ta stân brocht om it autintike karakter fan de skûtsjes net oan te taasten. Neffens dy wiziging jildt de saneamde "relingsbepaling" net foar skûtsjes, mar allinne wannear 't fearn wurdt bûten it 12. riedsútstel ynlOken Passagiersschepenverordening/cbo-hoh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 39