Side 2 Waad en it Isselmar én alle opfarrenden in rêdingsfest drage. Alle oare bepalings út bylage VII jilde ek foar skûtsjes). Neffens it begjinsel dat legere wetjouwing komt te ferfallen as der op itselde mêd hegere wetjouwing foar yn "t plak komt binne de gemeentelike oarderings fan rjochtswege ophâlden te bestean. Súver sjoen is it ynlûken fan de oarderings net mear nedich. Om ûndúdlikens foar te kommen is lykwols yn 't "Breed Wetteroerlis" ôfpraat om de ge- meenterieden te freegjen de oardering formeel yn te lûken. 3. Oer de fraach of 't it formeel sjoen mooglik is om as gemeenten te beslúten ta in oanfoljende regeling foar it farren mei 12 persoanen en minder bestiet yn de wurkgroep, dy't op fersyk fan it "Breed Wetteroerlis" hjirnei sjoen hat, gjin ienriedigens. In diel fan de wurkgroep is fan miening, dat it oanfoljende foech der wol is, sa lang der gjin sprake is fan striid mei de hege re regeling. Dat is ek de miening fan ús kolleezje. Wol binne alle partijen yn 't "Breed Wetteroerlis" it iens, dat it praktysk sjoen net goed mooglik is foar de neamde kategory skippen rigels te meitsjen, dy 't oer alle boegen dúdlik binne. It giet dan foaral om problemen op it mêd fan ynhâld, tapassing en kontrô- le/hanthavenen (hokker skippen wol en hokker net, wol/net bedriuwsmjittich). Dêrom is be- sletten foar dy kategory gjin (nije) rigels op te stellen. Kanttekenings: Net fan tapassing Der is oerlis west mei: (yn 't ramt fan it "Breed Wetteroerlis") oare wettergemeenten, de regioplysje, de KLPD, it Iepen- bier Ministearje, de Provinsje Fryslân. Finânsjes: Gemiddeld waarden yn ús gemeente 2 a 3 fergunnings yn 't jier ferliend (farfergunnings dy 't fer- liend binne yn ien gemeente jilde ek yn oare wettergemeenten). It ynlûken fan de oardering hat ta gefolch, dat op jierbasis ûngefear 10 oeren besparre wurde en likernôch 150,- minder ynkom- sten binnen komme. Utfiering: Net fan tapassing Kommunikaasje: It beslút ta it ynlûken wurdt op de gebrûklike wize iepenbier makke. Riedskommisje(s): De foarsitter fan de kommisje hat konkludearre dat it foarstel in A-stik is. Taheakke: Op besjen lizzende stikken: oardering 1994; - advys "werkgroep passagiersschepenverordening"; ferslach fergadering Breed Wetteroerlis d.d. 22 maart 2004. 12. riedsútstel ynlûken Passagiersschepenverordening/jzhh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 40