BOARNSTERHIM gemeente RIEDSFOARSTEL Riedsgearkomste Agindapunt Kommisjegearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 18 maaie 2004 15 (A-stik) 3 maaie 2004 10 boargemaster Y. Dijkstra H.O. Hoekstra telefoan: 0566 - 629212 e-mail: hoekstrah@boarnsterhim.nl Underwerp: Boargerjierferslach 2003 Foarstel: Nim it Boargerjierferslach 2003 foar kundskip oan. Taljochting: By de proseduere fan ta stân kommen fan it ferslach oer 2002 is yn 't foar mei kolleezje, rieds- kommisje en fertsjinwurdigers fan de Pleatselike Belangen/Doarpsbelangen sprutsen oer de opset en ynhâld. Mei de doe makke opmerkings is by it meitsjen fan it definitive ferslach rekken hâlden. Dit twadde boargerjierferslach slút kwa opset en ynhâld oan op 't ferslach fan 2002. Dêrom is no net op 'e nij in foarbesprek west. Wol nij is, dat by guon Onderwerpen in miening, suggestje of oanwizing foar ferbettering fan de boargemaster opnommen is. Sjoch hjirfoar de grize kaders yn 'e tekst. It konsept-ferslach is op 22 maart l.l. skriftlik foarlein oan de bestjoeren fan Pleatselike Belangen/ Doarpsbelangen mei it fersyk om op- en oanmerkings kenber te meisjen, mei 't doel dizze reak- sjes ek oan jimme Ried takomme te litten. Dizze proseduere is oerlein mei de foarsitter fan de Fe- deraasje fan Doarpsbelangen. Der binne gjin reaksjes ynkommen. Yn oerlis mei de foarsitter fan de Federaasje sil mei koarten mei de bestjoeren oerlein wurde oer it stuit en de wize wêrop 't de Pleatselike Belangen/Doarpsbelangen yn 'e takomst by it Boargerjier ferslach belutsen wêze wolle/kinne. Kanttekenings: Net fan tapassing Der is oerlis west mei: Net fan tapassing Finânsjes: Net fan tapassing Utfiering: Net fan tapassing 15. riedsútstel oanbieden boargerjierferslach 2003/ /1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 46