De foarsitter: It ferslach wurdt sûnder wiziging goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken. De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. 6. Foarstel oangeande it tsjinstferbân fan de griffier. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be sletten. 7. Foarstel ta "herziening tracé omleiding Wergea in de Staandemast-route". De hear Soeten (PvdA): Yn de diskusjes yntern en mei belanghawwenden yn de ôfrûne jierren hat de PvdA altyd foarstanner west fan de Steande Mêst-rûte. De grûnen oan de eastkant wienen min te besetten. Oan de westkant komt in moai plan foar wenningen. De wethâlder hat tasein dat de gemeente rekken hâlde wol mei in tal yndividuele belangen. Wiist op it gefaar foar de sportfjilden. Dus de bestimming hanthavenje as 'niet zijnde agrarische bestimming'. Is ek foar in kanorûte fan Wergea nei Warten. Wannear kin dat konkreet stal krije? Hat heard dat de kommu- nikaasje tusken PB en kolleezje goed is. De hear Janse (FNP): Der moat besjoen om dat stikje net werom te lûken foar Wergea East. Mooglik no net it beslút nimme oer dat iene partsje. Is it fierder iens mei it foarstel en giet dêrfan út dat de tasizzing oer de ferromming oan de noardkant fan de oanlieding tastien wurdt. Mefrou Troost (GB): Freget ek omtinken foar de ferromming oan de noardkant foar de hear De Jong. Is it ek iens mei de winsk fan PB. De kosten binnen de easken fan it bystelde budzjet hél de. De hear Van der Sluis (VVD): De ferfanger (loko-boargemaster) hat him in taljochting jûn oer it agindapunt. Op in lyts persintaazje nei soe de grûn oankocht wêze. Der moat lykwols noch 70% oankocht wurde en der moat in bedriuw mei twa lisboksstâlen ferhuze wurde en it bedriuw fan de family Swierstra wurdt folslein fernield. Wêrom foar de VVD in B-punt? De kosten binne heech. Der moatte twa brêgen iepen en fernijd wurde. By de eastlike fariant hoegde ien brêge net fernijd te wurden en de Kooistrawei wie ôfsletten foar trochgeand ferkear. No moat er oanpast wurde. It sportfjild kin no net sa mar fergrutte wurde. It fytspaad Grou-Wergea krijt de deastek. It komt yn de Grutte Mar út. Der binne tonnen útjûn foar de Ontwikkeling de Steande Mêst-rûte fan Wergea-East en al tsientallen tûzenen foar it fytspaad. Dit jild is wei troch in ferkearde oanpak. Der hie earst mei de grûneigners oerienstimming wêze moatten. Boarnsterhim hat blykber genôch jild. Wol grutte plannnen mar net prate mei de grûneigners. Der kin samar ien eigner dwerslizze. Earst in skriftlik akkoart mei de grûneigners en dan pas fierder gean. De fraach oer de fêste jier- lêsten foar Boarnsterhim stiet noch iepen. De VDD bedoelt it ûnderhâld brêgen, personiel, rinte- lêsten esfh. Twa kear 2,5 miljoen gûne. En dat soe it wêze neffens it antwurd. Der komt yn it grûnbedriuw al 100.000 by. Wat binne de eigenlike jierlêsten? De rûte safolle mooglik nei it noarden omlizze en de VVD stipet de winsk fan PB foar de feartferbining. De VVD sil it foarstel pas stypje as der oerienstimming is mei de grûneigners. Wethâlder Jonkers: Er is een schrijven van PB aan de orde geweest. Er is een bestemmingsplan goedgekeurd. Als de bestemmingsplanwijziging beoordeeld wordt, zullen ook de andere voorstel len van PB meegenomen worden. De kanoroute zal bekeken worden in het kader van flankerend beleid. Daarvoor is wel enige steun van de provincie nodig. In de oostelijke variant was geen en kele euro voor flankerend beleid. Het kanaal in de noordelijke richting kan binnen de bandbreedte van het tracé. De gasbuis kan evenwel niet verplaatst worden. De kosten in de tang houden: dat wil het college ook. Er zijn besprekingen geweest met de mensen over grondverwerving en dat Pagina 2 04. Ferslach 20-04-2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 4