de FNP en it kolleezje. De korrespondinsje yn it Frysk moat ek yn it Frysk beändere wurde. 25% fan de stikken (it stribjen) is noch net yn de praktyk stal jûn. Wol dêroer útlis fan it kolleezje. It moat wol helber wêze. Soe monitoare wolle hoe't it der foar stiet. Net allinne de beliedsstikken, mar ek Op 'e Hichte. De fraksje is foar de Fryske hiemside. It bedrach is no aardich leger wurden troch it oanbod fan mefrou Beetstra. Hoe sit it mei it ûnderhâld fan de hiemside? Miskien kin me frou Beetstra dêrfoar ek wat betsjutte. Der binne yn de gemeente genôch minsken dy't de Fryske taal libben hâlde wolle en har bydrage dêroan leverje wolle. De hear Van der Meulen (CDA): It CDA hat in waarm hert foar it Frysk. Net elkenien hat it Frysk goed yn de macht. It is goed om dêr sa no en dan omtinken foar te freegjen. Mar fynt it omtin- ken dat de FNP alle trije moannen freget wat ryklik. De hear Bijlsma (FNP): Wol útlis oer dy 'alle trije moannen'. De hear Van der Meulen (CDA): Refereart oan de moasje fan koartlyn oer itselde punt. De hiem side: it is moai dat in partikulier dêr in oanbod foar docht, mar hoe giet it mei de kontinuïteit? Is dêr noch net direkt foar. De hear Bouma (VVD): De VVD is ek fan betinken dat it Frysk syn gerak krije moat. Der is blyk- ber net útfierd wat de ried konkreet foar eagen stie. De hiemside soe yn it Frysk kinne moatte. Elk dûbeltsje moat lykwols ferantwurde wurde. Miskien binne der maatskiplike feroarings. Men moat der praktysk mei omgean. De kommunikaasje moat helder, folslein en flot wêze. De taal mei dêrby net in behindering opsmite. De hear De Vries (PvdA): Stiet de VVD achter de fêststelde punten fan it belied? De hear Bouma (VVD): Lit dat ôfhingje fan de antwurden fan it kolleezje. De hear Hemminga (GB): De gemeente Boarnsterhim hat al in protte Fryske stikken. Taal is in kommunikaasjemiddel. De helte fan de bewenners is net Frysktalich en it moat net forseard wur de. Lykas de eask by funksjes dat de kandidaat it Frysk yn de macht hawwe moat. Men moat ek kommunikaasje oangean mei de minsken dy't net sa goed mei it Frysk omgean kinne. Is wol foar punt 1 en ek wol foar it stribjen yn punt 2 om 25% fan de stikken yn it Frysk te bringen. Hat mear beswieren tsjin punt 3 fanwegen de finansjele konsekwinsjes. Dat soe yn de takendiskusje komme moatte. Wethâlder Jonkers: We praten er nu weer over. Het Fries taalbeleid is niet veranderd. Er is geen sprake van een vermindering. Het kan altijd beter. De representatie naar buiten is in het Fries. De meeste brieven naar DB zijn in het Fries. Over de webside bestaan dezelfde bezwaren als kortge leden: de gemeente kan zich de financiële consequenties niet veroorloven. Staat achter de pun ten 1 en 2. De beleving van het Fries onder de ambtenaren is goed. Relatief veel ambtenaren en inwoners volgen een taalcursus Fries. De hear Janse (FNP): It hie al in Fryske webside wêze moatten. Sjoen de ôfspraken yn 1996. Wethâlder Jonkers: Men schat dat de Friese webside en het onderhoud daarvan 5.000 kost. De hear De Vries (PvdA): It oantal kursisten Frysk is moai, mar de output ûntbrekt. Wethâlder Jonkers: De animo is ook een maatstaf. Het college raadt af om geld uit te geven voor de webside. Eerst de takendiscussie afwachten. Pagina 7 04. Ferslach 20-04-2004/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 9