De hear Van der Meulen (CDA): Untriedt it kolleezje it amendemint of stimt it kolleezje dermei De hear De Vries (PvdA): By in yntegraal plan wurde ferskillende Ontwikkelingen mei inoar yn ferbân brocht. It hoecht net perfoarst ta ien eksploitaasje-oersjoch te kommen. De foarsitter: Stelt fêst dat it kolleezje it sa ferstean wol. Bringt it amendemint yn stimming. Der binne 14 stimmen foar en 2 tsjin en dêrmei wurdt it amendemint oannommen. Tsjinstimd hawwe de leden Bijlsma en Janse.lt foarstel is foldwaande behannele. 10. Foarstel ta it fêststellen fan de 'Beleidslijn Golfbaanterrein voor de gemeente Boarnster- him' De hear Janse (FNP): De FNP is net fuort in foarstanner fan in golfbaan yn Boarnsterhim, mar de FNP wol it net yn de wei stean. Hy hat wol opmerkings oer de rânebetingsten en tsjinnet dêr in tal amendeminten op yn. Dat de klam lein wurdt op de gruttere kearnen yn rânebetingst 1 (Akkrum, Grou en Terherne) soe oars moatte. Der binne ek wol oare lokaasjes westlik fan de spoarbaan en noardlik fan it PM-kanaal. Dêrom dy plaknammen yn betingst 1 ferfalle litte. Mefrou Dekker (PvdA): Wêrom sa'n hiel ferhaal as men de needsaak fan sa'n golfbaan net sjocht? De hear Janse (FNP): Sjocht net sasear de needsaak fan in golfbaan. Oan de twadde betingst oanheakje: it iepen lânskip mei net oantaast wurde. De 3e betingst kin ferfalle, want de mins- ken moatte in protte spullen meinimme. Oan de 4e betingst kin taheakke wurde: het recrea tieve uitloopgebied. Yn betingst 5 kin de FNP him fine. De neamde punten binne is yn 4 amendeminten ûnderbrocht. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA is foar in golfbaan. It giet de fraksje wat te fier om no direkt lokaasjes oan te wizen. Giet akkoart mei it foarstel. Wethâlder Bouma: De rânebetingsten binne hiel goed omskreaun. Der is omtinken foar it bû- tengebiet. It stiet net yn de rânebetingsten dat it plak beheind wurdt ta de gruttere kearnen. Twadde termyn De hear Janse (FNP): De rânebetingsten binne wol dúdlik, mar de FNP wol wat oars. Mefrou Dekker (PvdA): Men kin oan in Hollânsk stik dochs gjin Fryske oanfollings taheakje? De foarsitter: Bringt de amendeminten ien foar ien yn stimming. Alle fjouwer amendeminten wurde fersmiten mei 14 stimmen tsjin en 2 foar. Foarstimd hawwe de leden Bijlsma en Jan se. Der wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. 11Foarstel ta wiziging fan de leezjesheffing planologyske advisearing De hear Van der Sluis (VVD): De kosten moatte yn prinsipe betelle wurde. Mar wy ferhelje ei- gentlik de kosten op de boargers omdat de bestimmingsplannen net klear binne. Wethâlder Bouma: Ek al is in bestimmingsplan fêststeld, dan kin men der net oan ûntkomme dat der art. 19 prosedueres binne. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Pagina 11 04. Ferslach 18-05-2004/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 15