BOARNSTERHIM gemeente -2.0-^.515 Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 18 maaie 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries, J. Zijlstra en J.Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hearen Y. Dijkstra en H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou E. Verkerk De foarsitter hyt elkenien wolkom. Benammen it jeugdige publyk en dêrneist ek de harkers fan de de Boarnsterstim. In jier ferlyn waarden de Halbertsmadagen hâlden. Der is in boekje ferskynd mei ferhalen en fersen fan learlingen fan de skoalle fanwegen dy Halbertsmadagen. Hy lést in koart gedicht fan Neeltsje Bouma út dy bundel foar. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Learlingen fan groep 7 en 8 fan It tredde Stee fan Jirnsum (oer punt 20): Master Jan Planting jout earst in koarte taljochting. Op skoalle binne der in protte ferhalen oer it wykein. Benam men it fuotbalprobleem. Der binne hast gjin mooglikheden om te fuotbaljen. De jongeren hawwe in idee betocht. Arjen van der Veen: Der is aksje hâlden foar in trapfjildsje. Sy hawwe gjin echt plak yn it doarp. Op de trainingsfjilden kinne sy troch it krekt ynsiedzjen net sa faak fuotbalje. Hy hat in foarstel foar in fjildsje mei in pear goaltsjes. Oerlanget de boargemaster in brief en 177 hantekeningen. De foarsitter: Nimt de brief en hantekeningen yn ûntfangst. By punt 20 sille de bern heare kinne hoe't de ried deroer beslút. 3. It fêststellen fan de wurklist. De hear Janse (FNP): Wol fan punt 20 in B-stik meitsje en nei foaren helje en it nei de yn- kommen stikken behannelje. De hear Hemminga (GB): Wol fan punt 17 graach in B-stik meitsje. Mefrou Dekker (PvdA): De fraksje slút har oan by it foarstel fan de hear Janse. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried mei beide foarstellen ynstimd. Dêrta wurdt besletten. 1lepening. 04. Ferslach 18-05-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 5