BOARNSTERHIM gemeente -2.C9-5V, B E S L U Riedsgearkomste: 14 juny 2004 Nú. Omskriuwing Utfiering 1lepening. Frou Verkerk en de hear Boringa binne mei kundskip ôfwêzich. De hearen van der Meulen en de Vries komme letter. De lêstneamde om 't hy hjoed krekt heit wurden is. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. De hear A. Jager út Grou, dy 't him oanmeld hie om yn te sprekken oer agin- dapunt 13, is net oanwêzich. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. De Rie stimt yn mei it fersyk fan de PvdA om agindapunt 9 te behanneljen nei de punten 10 en 11. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 18 maaie 2004. Mid. Frou Dekker (PvdA) freget in wiziging fan de tekst by punt 8 op side 4 (116 sin fan Onderen). Dêr moat stean: As de Drijfveer de camping oernimt, dan moat it sa wêze dat it bedriuw ek it ûnderhâld oernimt. Mei dizze wiziging wurdt ferslach fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Frou Dekker (PvdA) freget om de brief Onder nr. 2 wol te beanderjen. De hear Roorda (PvdA) wol de stikken, neamd by punt 8, graach yn de Kom- misje BMM oan 'e oarder hawwe. Dit wurdt tasein. De hear van der Sluis (VVD) hat by punt 6 de bylage net by de stikken oan- troffen. Tinkt dat it goed is, dat dit yn de kommissje behannele wurdt om 't it hjir om grutte bedraggen gean kin. Ofpraat wurdt dat de Ried earst troch in brief neiere ynformaasje krije sil. Dêrnei kin sa nedich noch behanneling yn 'e kommisje plakfine. Fierders konform foarstel besletten. 6. Foarstel ta ynstimming mei de notysje "Planschade". WWR Ofwikend besletten. In foarstel fan de FNP om by Onderdiel 6 te kiezen foar de wurkwize 6a. wurdt mei algemiene stimmen oannommen. In amendemint van de VVD om de behanneltermyn, neamd by Onderdiel 2, te feroarjen fan 26 yn 13 wiken, wurdt mei 3 stimmen foar en 10 tsjin fersmi- ten. beslutelist Rie 14 juny 2004/hoh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 65