7. Foarstel ta wegering fan it bouplan foar it oprjochtsjen fan in opfok-ôfrichthal WWR op it perseel Buorren 1 te Tersoal. Konform besletten. 8. Foarstel oangeande it projekt Súdwâl Warten. WWR Konform besletten. 9. Behannele nei punt 11 10. Foarstel oangeande de takendiskusje. Mid. Ofwikend besletten. Amendeminten fan de FNP, mei sub-amendeminten fan de PvdA, wurde tage- lyk yn stimming brocht, mei as risseltaat: Nr. 1.8 - lepenbiere oarder en feilichens (doarpswachten): net besunigje 39.468 oannommen mei 11 stimmen foar en 3 (fraksje GB) tsjin; Nr. 2.3 - Jongereinwurk: net besúnigje 20.000 oannommen mei 9 stimmen foar en 5 (fraksjes GB en VVD) tsjin; Nr. 2.4 - Senioarenwurk: net besúnigje 15.000 oannommen mei 9 stimmen foar en 5 (fraksjes GB en VVD) tsjin; Nr. 2.12 - lepenbier grien: net besúnigje 40.000 fersmiten mei 12 stimmen tsjin en 2 (fraksje FNP) foar; Nr. 3.6 - Sportakkomodaasjes en sportsubsydzjes: net besúnigje 20.000 oannommen mei 9 stimmen foar en 5 (fraksjes GB en VVD) tsjin; Nr. 4.1 - Ferkear: besúniging 13.500 yn stee fan 27.500; oannommen mei 9 stimmen foar en 5 (fraksjes GB en VVD) tsjin; Nr. 4.6 - Bestriden fan glêdens net besúnigje 3.500; oannommen mei 9 stimmen foar en 5 (fraksjes GB en VVD) tsjin; Nr. 6.1 - Gemeentlik ûnderwiisbelied besúniging 11.500 yn stee fan 15.000; oannommen mei 9 stimmen foar en 5 (fraksjes GB en VVD) tsjin; Oangeande de dekking fan de troch de boppeneamde amendeminten ûntstiene wizigings komme de folgjende amendeminten yn stimming: - Underhâld wegen besúnigje 50.000 oannommen mei 9 stimmen foar en 5 (fraksjes GB en VVD) tsjin; - Promoasje besúnigje 10.000 op kosten aktiviteiten amendemint is ferfallen; - Doarpswachten foar dit wurk ynkomsten generearje fan 10.000 oannommen mei 11 stimmen foar en 3 (fraksje GB) tsjin; - Opbringst ferkeap ""Tusken de Marren" ynboeken rinte-ynkomsten beslútfoarming hjiroer wurdt útsteld oant de hjerst fan 2004 y.o.f. it risseltaat fan de ferkeap, wêrby inkelde fraksjes as alternatyf in ekstra ferheging fan de "OZB" foar 2005 net útslúte wolle. Fierders wurdt konform it foarstel besletten. Oanfoljend wurdt oangeande it Onderwerp "Wâlkanten Aldeboarn" n.o.f. in neikommen foarstel fan it kolleezje besletten: yn te stimmen mei it opknappen fan de wâlkanten Aldeboarn; in earste útfieringskrediet beskikber te stellen fan 55.000,-; de kapitaallêsten yn 2004 te dekken út de algemiene reserve; Side 2 beslutelist Rie 14 juny 2004/hoh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 66