De hear Bijlsma (FNP): Wiist derop dat yn it amendemint stiet "yn prinsipe" alle kosten. Foar minsken dy't fanôf nul komme en dy moatte safolle mooglik yn dat earste jier fasiliteard wur- de. Dêrnei hawwe sy hooplik in regulier ynkommen en kinne sy harsels réde. De hear Roorda (PvdA): It giet om minsken yn in bystânsituaasje en dy't wer oan it wurk wol- Ie. De ferliking fan de wethâlder is wat te koart om 'e hoeke. Der is yn in útkearing 200 ferskil mei in minimumynkommen. It foarstel fan de kolleezje is te frijbliuwend. Foar ienfâldige saken as reiskosten, wurkklean soe der in fergoeding wêze moatte. De hear Van der Meulen (CDA): De ried bedoelt dat it kolleezje der goed nei sjen moat. Der binne situaasjes tinkber dat it kolleezje wat romhertiger omgiet mei fasilitearings. Wat mear as 'denkbaar'. De hear Van der Meer (GB): Een noodzakelijke kostenvergoeding is wenselijk. Wil het amen dement aanpassen door in het besluit voor het eerste 'kosten' 'needsaaklike' toe te voegen en door in de laatste (Nederlandse) zin voor 'kosten' eveneens 'noodzakelijke' toe te voegen. Wethâlder Jonkers: Er is kans op rechtsongelijkheid bij een uitkering boven 110% van het mi nimumloon. In principe moet je goed kijken naar de onderkant van het loongebouw. Met de aanvulling 'noodzakelijk' is het college het wel eens. Naar de onderkant wil het college ruim hartig kijken. De foarsitter: Stelt fêst dat it kolleezje yn prinsipe posityf stiet tsjinoer it oanfolling op it amendemint. Der binne trije foarstellen. Bringt earst it net wizige amendemint yn stimming. De hear De Vries (PvdA): Is hjir foar. Fernuvert him deroer dat partijen dy't mei it amendemint yntsjinne hawwe no tsjin stimme. De foarsitter: Der binne 11 stimmen foar en 5 stimmen tsjin. Tsjinstimd hawwe de leden Bouma, Hemminga, Van der Meer, Van der Sluis en Troost. Dêrmei is dúdlikheid oer it foarliz- zende foarstel. 8. Foarstel ta 'Privatisering recreatieoord Tusken de Marren te Akkrum' Mefrou Dekker (PvdA): Is bliid dat it oanpaste foarstel hjir no sa leit. Stimt yn mei punt 3 fan it foarstel. Ek akkoart mei punt 2. Wol noch wol wat witte oer de dêryn neamde 'marktcon forme prijs', wylst der letter oer de 'economische waarde' praat wurdt. Oer punt 1: der sitte twa punten yn de oanbefelling yn de nota dy't sa net stean bliuwe kinne. Dêrfoar hat de Pv dA in amendemint. Dat giet oer punt 4.4 (De posysje fan de Drijfveer) en oer it haadstik be slispunten. Ynstimming dêryn mei it earste oandachtstreekje. Mar net mei it twadde en tred- de. Wol dat punt (sjalets) derút en werom yn de kommisje. En letter dêroer beslisse. De cam ping yn hannen fan de gemeente en net yn hannen fan it stichtingsbestjoer. As de Drijfveer de camping oernimt, dan moat it sa wêze dat it bedriuw ek it ûnderhâld oernimt. Wol ek oan- dacht freegje foar de Spring. As it mei de Drijfveer trochgiet dan mei inoar om de tafel om foar de Spring in goed plakje te finen. De hear Janse (FNP): It útgongspunt foar de FNP wie rekken te hélden mei de belangen fan de oanwêzige bedriuwen en gebrûkers. En dêr is noch wol wat oer te sizzen. Yn de nota stiet dat Prego en de Spring derwei moatte en dat de lisplakken oan de Trigreppel ferkocht wurde moatte oan AWS. En oer de camping: Dy saken moatte earst útiten wurde mei de Drijfveer. Brûk as toetsingsramt de útgongspunten fan Tusken de Marren. De FNP kin him fine yn it skema fan de Drijfveer. Dêryn wurdt lykwols te faak oer de gemeenteried praat en net oer it kolleezje. Der hoecht net perfoarst in tredde taksateur te kommen. De ried/it kolleezje hawwe Pagina 4 04. Ferslach 18-05-2004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 8