BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op moandei 14 juny 2004 om 13.30 oere yn de kantine fan it gemeentehûs oan de J. W. de Visserwei 10 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear H.O. Hoekstra De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries, J. Zijlstra en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij en G. de Jong fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hearen Y. Dijkstra en H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou E. Verkerk (VVD), de hear N. Boringa (GB2000) en de hear D. van der Meulen (CDA) Iiepening. De foarsitter iepent de gearkomste, hyt elkenien wolkom en meldt dat de de hear De Vries wat letter komt yn ferbân mei berte fan in soan. Griffier Frensel wurdt ferfongen troch de hear Hoekstra. By 10 en 11 kinne der skôgingen hâlden wurde yn in bepaalde folchoarder. By dizze agindapunten jildt in sprektiidbeheining. Foar de fraksjes yn de earste termyn 15 minuten en yn de twadde termyn 10 minuten. De sprektiidbeheining jildt ek foar it kolleezje, resp. 35 en 30 mi nuten. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt fierder gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. De hear Zijlstra (PvdA): Punt 9 graach nei punt 11 De foarsitter: Stelt fêst dat de ried dêrmei akkoart giet. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 18 maaie 2004. Mefrou Dekker (PvdA): Op side 4: 'As de Drijfveer de camping oernimt, dan moat de saak wol ûnderhâlden wurde' moat wêze 'As de Drijfveer de camping oernimt, dan soe it goed wêze dat de Drijfveer it ûnderhâld fersoarget op de camping.' De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy wiziging goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Oer 2: Mefrou Dekker (PvdA): Mefrou Van der Leij sil wol in reaksje hawwe moatte op har iepen brief. 04. Ferslach 14-06-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 3