Pagina 7 De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint. De fraksjes kinne dan oer de amendeminten oerlizze. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Bringt amendemint 1 fan de FNP yn stimming. Mei 11 stimmen tsjin en 4 stimmen foar fan de leden Bijlsma, Bouma, Janse en Van der Sluis wurdt it amendemint fersmiten. De hear Boringa (GB): Merkt op dat de discussie in de commissievergadering had moeten plaats vinden. De hear Van der Meulen (CDA): It amendemint is oerstallich mei de tasizzing fan de wethâlder. De foarsitter: Bringt it amendemint fan de PvdA yn stimming. Mei 6 stimmen tsjin en 9 stimmen foar wurdt it amendemint oannommen. Tsjinstimd hawwe de leden Boringa, Gerbrandij, Hemmin- ga, De Jong, Van der Meer en Van der Meulen. De hear Van der Meulen (CDA): Fynt dit amendemint om deselde redenen oerstallich. De hear Janse (FNP): Oer de oare amendeminten kin wat him oangiet per fraksje stimd wurde. De foarsitter: Stelt fêst dat amendemint 2 fan de FNP ferfallen is, omdat amendemint 1 fersmiten is, dêr't amendemint 2 op oanslút. Bringt amendemint 3 fan de FNP yn stimming. De hear Van der Meulen (CDA): Is tsjin, omdat it CDA net wol dat men lytse doarpen de moog- likheden foar bedriuwswenten ûnthâldt. De foarsitter: It amendemint 3 wurdt mei 9 stimmen foar en 6 stimmen tsjin oannommen. Tsjinstimd hawwe de leden Boringa, Gerbrandij, Hemminga, De Jong, Van der Meer en Van der Meulen. Bringt amendemint 4 fan de FNP yn stimming. It amendemint wurdt mei 4 stimmen foar en 11 tsjin fersmiten. Foarstimd hawwe de leden Bijlsma, Bouma, Janse en Van der Sluis. Bringt amendemint 5 fan de FNP yn stimming. It amendemint wurdt mei 4 stimmen foar en 11 stimmen tsjin fersmiten. Foarstimd hawwe de leden Bijlsma, Bouma, Janse en Van der Sluis. Der wurdt fierder neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel ta it wegerjen fan it bouplan foar it legalisearen fan in bygebou op it perseel Wvldlân 1 te Grou De hear Janse (FNP): It is in yngewikkelde saak. It âlde en nije bestimmingsplan bûtengebiet spyl- je deryn mei. Hat de bouwer mei rjocht syn plannen útfierd? Men hat der gjin rjocht sicht op krije kinne. Kin him net foarstelle dat de man net witte kinnen hie dat der gjin boufergunning nedich wêze soe. It moat dan eventueel mar by in beropsproseduere oan de oarder komme. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel ta it fêststellen fan de feroardering 'Boete Wet inburgering nieuwkomers' De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be sletten. 10. Foarstel ta it ûnbegrûne ferklearjen fan in beswierskrift oangeande de wegering frijstelling te ferlienen foar it hielendal fernijen fan in skiphûs op it perseel Leppedyk 46 te Akkrum De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be sletten. 04. Ferslach 06-07-2004/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10