11Foarstel ta it nimmen fan in tariedingskredyt foar grûn Rollingswier te Akkrum De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 12. Foarstel om meiwurking te ferlienen oan in bou-oanfraach foar in wente en bygebou oan Lea- rewei 16 te Jirnsum De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 13. Foarstel om meiwurking te ferlienen oan de bou-oanfraach foar in entree oan Grousterdyk 1 te Jirnsum De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 14. Foarstel oangeande it fan krêft wurden fan tariedingsbesluten foar de gebieten: it doarp War- ten; it doarp Wergea en UTD-terrein en it bedriuweterrein dêromhinne (Polsleatwei en Spikerboor) De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 15. Foarstel oangeande it fan krêft wurden fan tariedingsbesluten foar de gebieten: it doarp Ter- herne; it bûtengebiet fan de gemeente Boarnsterhim; Wergea-West en de kom fan Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. De foarsitter: Rjochtet him út namme fan de ried ta de hear Zijlstra, dy't fanôf 1994 riedslid is en dy't no ôfskied nimt. Bringt him tank foar al it wurk dat er foar de ried en de mienskip ferset hat. Bringt syn frou ek de tank oer foar har stipe. Oerlanget oan de hear Zijlstra in presint fan de ried foar al dat krewearjen. En oan syn frou in bosk blommen. Wethâlder Bouma: Sprekt út namme fan it kolleezje in wurd fan tank. Ek foar it kolleezje hat de hear Zijlstra fan grutte betsjutting west. Benammen yn it monistyske stelsel. Yn it dualisme wie dy rol wat oars. It kado wie ek mei út namme fan it kolleezje. De hear Zijlstra (PvdA): Yn syn ôfskiedswurd eidet de hear Zijlstra nochris syn riedsperioade oer. Hy leit benammen de klam op it respekt foarinoar oer. Hy levert de kaaien yn en betanket elke- nien foar de meiwurking. De foarsitter: Betanket elkenien foar de ynbring en slút de gearkomste om 22.50 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 21 septimber 2004. d de foarsitter, 16.Slute IV 0 like tribune sieten ne imtlike meiwurkers 15 minsken Pagina 8 04. Ferslach 06-07-2004/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11