BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 6 july 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan GB2000: de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou E. Verkerk, mefrou T.D. Troost-Akkerman en boargemaster Y. Dijkstra 1. lepening De foarsitter, de hear Roorda dy't jûn boargemaster Dijkstra waarnimt, hyt elkenien wolkom op de léste gearkomste foar it simmerreses. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Der wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan de wurklist De foarsitter: By punt 16 sil noch eefkes stilstien wurde by it ôfskied fan de hear Zijlstra. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 14 juny 2004 De hear Bijlsma (FNP): Side 15: Hat yn de ynterpellaasje (nei de tredde alinea) sein dat it neffens de FNP 180.000 wêze sil. De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy oanfolling goedkard en fêststeld. ö.Ynkommen stikken De foarsitter: Gjin fragen en opmerkingen. 6. Undersyk betrouwensbrieven fan in nij te beneamen riedslid De foarsitter: Freget de riedsleden Boringa, Janse, Bouma mei de griffier yn kommisje de betrou wensbrieven fan it nij te beneamen riedslid mefrou Minkes te ûndersykjen. Underbrekt de gear komste in momint. De foarsitter: lepent de gearkomste wer en jout it wurd oan de wurdfierder fan de betrouwens- kommisje. De hear Janse (FNP): De kommisje hat alle beskieden neigien en hat alles yn oarder befûn en jout it advys om mefrou Minkes as riedslid ta te litten ta de ried fan Boarnsterhim. 04. Ferslach 06-07-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 4