Pagina 2 De foarsitter: Stelt fêst dat de ried mei it advys ynstimt. Op 21 septimber kin mefrou Minkes be- edige wurde. 7. Foarstel ta aktualisaasje fan it Wenplan en ferdieling fan kontinginten, konsept 'Open Gaten Onderzoek Boarnsterhim' De hear Janse (FNP): De fraksje sprekt wurdearring út foar it wurk dat dien is. It hat wat lang duorre, mar de basis moat goed wêze. Wentebou is wichtich foar de doarpen foar jong en âld. Yn de léste 10 jier is de wentebou te folie troch projektûntwikkeiers bepaald, en dat foei benammen yn it neidiel fan de lytse doarpen út. De gemeente hat te min de grinzen fan it provinsjaal belied opsocht. Mei it nije streekplan binne der mear mooglikheden foar wentebou yn de lytse doarpen. De oppluswenten soenen nei de lytsere doarpen. De FNP wol 132 foar de lytse doarpen en de 90 oaren foar Grou en Akkrum. Foar Jirnsum 20 en foar Raerd 5 en 6 foar doarpen dêr't ferlet is. Benammen foar Jirnsum sille der wenten komme moatte. No binne der gjin kontinginten foar Jirnsum en straks ek net yn de twadde knipepuntenpot. De 3 wenten út de lytsekearnenpot kin- ne net nei de bedriuwswenten oerbrocht wurde. De wenten moatte foar de lytse kearnen beskik- ber bliuwe, faaks foar Idaerd. De machtiging foar de útwikseling tusken kontinginten en soarten kin net sa as no foarsteld. It mei net op kosten foar de doarpen bûten Akkrum en Grou om. Oar it projekt Volmawei al fêst 15 wenten liene út de twadde knipepuntepot? Dat moat net. By it be kend wurden fan de twadde knipepuntepot moat men in kar meitsje. "Iepen Gatten Undersyk': wat is it totale tal en wat binne de kritearia? Dy kritearia moatte ferromme wurde. Ek as kriteari- um opnimme: in iepen gat opfolje yn benammen plakken dêr't it ynwennertal tebek rint. De hear Zijlstra (PvdA): It wenplan is wichtich foar de gemeente. Alle doarpen hawwe dat oan- geande wol winsken. Fierder hat der in "Iepen Gatten Undersyk' plakfûn. Der is gebrûk makke fan in analyze fan folkshúsfesting en fan de winsken fan de doarpen. Mar yn hoefier binne de doarpen dêrby belutsen? De PvdA fielt foar in ferdieling fifty/fifty (111-111). De PvdA soe ek in wurkgroep ynstelle wolle, mei as dielnimmers Woonwille, de gemeente, in DB en faaks in âlde- reinadvyskommisje. De PvdA wol ek it kolleezje machtigje om te skowen mei de typen kontingin ten. De ried moat wol op tiid ynformeard wurde en der sil ynstimming nedich wêze moatte foar ôfwiking. Tersoal wiist op it ferskynsel dat de autochtoane befolking gauris út de doarpen fer- dwynt omdat de prizen opdreaun wurde troch oare wenningsykjenden fan bûten it doarp. Der sil it kolleezje ris goed nei sjen moatte. Idaerd hat gjin wenten tawiisd krige. Hoe sit it eins krekt mei de lûdshinder yn Idaerd? De hear Boringa (GB): Er is enige haast nodig. Verzoekt het college regelmatig de raad van de stand van zaken op de hoogte te houden. Als de kleinere dorpen niet kunnen bouwen, dan kun nen die contingenten naar de grote dorpen. Idaerd en Tersoal moeten in de gelegenheid gesteld moeten worden om te kunnen bouwen. De hear Van der Sluis (VVD): Sprekt syn wurdearring út foar it wurk dat dien is. De VVD is it net iens mei de ferdieling. De lytsere doarpen moatte mear romte hawwe en dy moatte ek de stipe krije foar planûntwikkeling. Wannear krijt Reduzum kontinginten? Hy hat noch in fraach oer de boukosten: 150.000 mei of sûnder grûn? Kin dat bedrach net opkrikt wurde? Der binne wol ynwenners dy't it betelje kinne. Hoe kin it dat yn Idaerd net boud wurde kin? De oerheveling út de lytsekearnenpot nei de pot bedriuwswenten is net goed. Der moat yn 2007 mei de bou begûn wurde. Men wol graach in skema fan de planning. De VVD hat twifels oft it allegearre goed komt mei it bouwen. Soe graach in oanjaachteam ynstelle wolle. As it net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin. De hear De Vries (PvdA): Freget wa't yn sa'n oanjaachteam sitte moatte. De hear Van der Sluis (VVD): De wethêlder, in pear amtners en fraksjefoarsitters. 04. Ferslach 06-07-2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 5