Pagina 3 De hear Van der Meulen (CDA): In grut part fan de ried sjocht it oars as it kolleezje. Is it wol reëel dat men sizze kin dat der safolle nei de lytse doarpen moat? It past faak net binnen de kritearia. De ynset fan it kolleezje is te priizgjen. It kolleezje belûkt de mienskip dêrby. Fynt net dat der riedsleden yn in oanjaachteam sitte moatte. De ried moat goed ynformeard wurde. Hat ek fragen oer Idaerd. Wêrom kin it no net? De huzen dêr't fraach nei is binne faak te djoer en falie net bin nen de kaders. As der in hûs yn in djoerdere kategory boud wurdt, dan komt der in goedkeapere frij. Ferwiist nei in ûndersyk fan de RABO foar it noarden: der sil in tekoart komme yn de djoerde re klasse. Yn grutte linen is it CDA mei it plan akkoart. De hear De Vries (PvdA): Men sit hjir net op de skaal fan Fryslân, mar fan de eigen gemeente. De hear Van der Meulen (CDA): It ûndersyk wiist út dat der yn de goedkeapere kategory noch wol wat is. It probleem is dat men net trochstreamt. It giet derom dat men yn de doarpen dêr't men knipepunten hat dochs bouwe kin. Wethâlder Bouma: It haadútgongspunt fan it wenplan is it bouwen foar de doelgroepen. Dêrnjon- ken spilet de toetsing fan de provinsje (Streekplan en Regiofisy). Oan de hân fan de ferdieling komt men ticht by de 50/50 ferdieling. It giet derom dat de ekstra kontinginten weiset wurde. Der is al in start makke mei PB Reduzum en de pilot yn Poppenwier. Nei de fakânsje sil der mear DB'en by belutsen wurde. It iene DB kin der makliker mei omgean as it oare. De gemeente moat dêrby help biede. As de saken net oanpakt wurde, dan rint men kênsen mis. Men moat in net al te strakke planning oplizze. It kolleezje sil de ried regelmjittich op de hichte hélde. It sil echt hurd wurkjen wêze om de plannen op tiid klear te krijen. Wol no net op details yngean. Der binne 595 kontinginten foar de twadde faze foar de 6 gemeenten. De hear Janse (FNP): Hoefolle sitte der foar Boarnsterhim yn it fet? En wat foar kritearia binne der? Wethâlder Bouma: Wit dat no net, dat sil yn BOSL fierder bepraat wurde. It kolleezje kin net op foarhân alles útstippelje. De wenningboukorporaasje, PB en in amtner fan de gemeente sitte yn de projektgroep. Der hat it ûndersyk fan WOBOF west en der is noch mear ynformaasje frege oan de minsken. De hear De Vries (PvdA): De fraksje jout wol it fertrouwen oan it kolleezje. Mar wol dochs mear ynformaasje oer de mominten dat it kolleezje nei de ried weromkomt. Wiist op de doarpsfisy. Kin dat in oanlieding wêze foar it kolleezje dêrmei nei de ried te kommen as men der net útkomme kin? Wethâlder Bouma: Dat soe seker in oanlieding wêze kinne. De hear Janse (FNP): It giet derom dat de ried yngripe kin. Oer dy punten by ôfwiking moat de ried om ynstimming frege wurde. De hear De Vries (PvdA): Kin de wethâlder tasizze dat it kolleezje nei de ried weromkomt as men der mei DB net útkomt? Wethâlder Bouma: Hat dy tasizzing eins al dien. As der blykt dat yn in doarp behoefte is oan wentebou foar bygelyks jongerein dan sil it kolleezje dêroan meiwurkje. Besteande wenningen hoege net te foldwaan oan nije miljeuregels. Sil nochris sjen hoe't it krekt mei de lûdshinder yn Idaerd sit. Wit net oft mei of sûnder grûn is. Giet derfan út dat it ynklusyf is. De hear Van der Sluis (VVD): Woe de 150.000 nei 180.000 omheech bringe. 04. Ferslach 06-07-2004/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6