Wethâlder Bouma: De bedraggen jilde foar de hiele provinsje. 180.000 fait yn in oare kategory. Djoerdere wenten soargje ek foar goedkeapere. Mar dat giet net altyd op: sjoch Tersoal. Men kin net saken ferplichte oplizze. Djoerdere wenten kinne ynset wurde om it projekt mooglik te meitsjen. Twadde termyn De hear Janse (FNP): De PvdA hat it oer erchtinkenheid fan de FNP. Mar de FNP wol dat de ried it foech yn hannen hâldt. Neamt as foarbyld de trije kontinginten út de lytsekearnenpot. Dat woe de ried oan himsels hâlde. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat in konkrete fraach steld. De wethâlder hat sein dat de wet- hâlder weromkomt nei de ried as men der mei PB net útkomt. Is dat net genôch foar de FNP? De hear Janse (FNP): De útwikseling fan kontinginten fan lytsere doarpen nei de gruttere: dêroer moat it kolleezje dan nei de ried weromkomme. Mefrou Dekker (PvdA): Dat kin mei de ferdieling 50/50. De hear Janse (FNP): De ried moat deroer kedize as feroaringen liede ta it minder wenten bouwe kinnen yn de lytsere doarpen. Yn de lytse doarpen binne net folie plannen ûntwikkele yn tsjinstel- ling ta plannen foar Grou en Akkrum. De FNP fynt in kwartaalrapportaazje foldwaande. Ljochtet de amendeminten ta: Amendemint 1Ferdiel de 222 wenten tusken Akkrum-Grou en de oare doarpen as folget: Ak- krum-Grou 90 en oare doarpen 132 Argumint: De ferdieling fan it kolleezje is net yn oerienstemming mei it kader dat de ried foar diz- ze ferdieling stelt hat (sjoch side 47 fan it wenplan krekt boppe 6.7) en mei de troch de de ried oannommen moasje om foarrang te jaan oan it meitsjen fan bestimmingsplannen foar lytsere doarpen om it bouwen fan dizze saneamde oppluswenten dêr better mooglik te meitsjen. Amendemint 2: Skik fan dy 31 ekstra wenten - yn de ferdiellist steane foar de oare doarpen 101 wenten pland: 20 oan Jirnsum en 5 oan Raerd ta en ferdiel de restearjende 6 nei ferlet oer de oa re doarpen Argumint: Yn it kolleezjeútstel kriget Jirnsum gjin wenten taskikt en moat tusken 1997 en 2010 dwaan mei 9 wenten út it reguliere kontingent en dat wylst it ynwennertal hurd tebek rint. It is no al leger as yn it jier fan de weryndieling en yn 2003 is it noch werris mei 15 fermindere. Foar Raerd jildt it selde. Raerd wol boppedat ek graach wat wenten foar de doelgroep ha. It ynwen nertal fan Boansterhim is yn de 20 jier fan har bestean groeit mei 10%. Dy groei hat benammen plakfûn yn Grou, Akkrum en Terherne. Amendemint 3: Bring de 3 wenten út de lytse kearnepot dy't noch gjin bestimming ha net oer nei de pot foar bedriuwswenten Argumint: It útstel fan it kolleezje is om de ferdieling fan it regulier kontingent op dit punt oan te passen, te witten de léste 3 wenten út de lytsekearnenpot nei de pot fan de bedriuwswenten oer te bringen. Dizze 3 wenten út it regulire kontingent moatte yn dy pot bliuwe b.g foar Idaerd dat der ek graach in pear wenten by ha wol. Wenten út de de pot fan 222 is foar Idaerd gjin helbere kaart. Amendemint 4: De útwikseling fan kontingenten tusken Akkrum-Grou en de oare doarpen mei net liede ta fermindering fan it tal kontingenten foar de oare doarpen. Argumint: Dit is in lytse beheining fan de machtiging fan punt 3 fan it kolleezjeútstel. Alle oare mogelike útwikselingen kin it kolleezje tapasse. Foar útwikselingen wêrby't it tal kontingenten foar de oare doarpen lytser wurdt sil it kolleezje mei in foarstel by de Ried komme moatte. As de Ried it kolleezje machticht om ek útwikselingen ta te stean dy't ten koste gean fan it tal kontin- Pagina 4 04. Ferslach 06-07-2004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 7