Pagina 5 genten fan de oare doarpen ha wy as ried gjin stok mear efter de doar om it kolleezje ta aksje foar de oare doarpen te twingen. Amendemint 5: Gean foar de Volmawei net foarút 'lienen' út de knipepuntenpot 2, mar wachtsje mei it ferpartsjen fan dizze kontingenten oant de takenning út dizze pot bekind is Argumint: It útstel fan it kolleezje is om it regulier kontingent oan te passen. Yn dit gefal wol it kolleezje foarútrinnend op de 2e knipepuntenpot al 15 wenten takenne oan it projekt Volmawei boppeop de 14 al takende wenten. We moatte earst marris sjen wat út dy pot komt en earst dan ta in ferdieling oergean. Der moat yn't foar kommen wurde dat we as ried wer mei de kloaten foar it blok komme lyk as by it wenplan wêrby't wy as ried gjin kar hiene omdat der allegearre al ferplichtings oangien en tasizzings dien wiene. De hear Boringa (GB): De wethouder heeft op vele vragen een positief antwoord gegeven. Men moet het accent leggen bij de kleine dorpen. Men moet het college niet vastpinnen op vaste aan tallen. De rapportage zal genoeg informatie moeten verschaffen. DB'en kunnen altijd nog naar de raad toe komen. Als het college niet voldoet aan de normen, kunnen alsnog moties ingediend worden. De hear Janse (FNP): Is it net better om it foech oan de ried te hâlden? De hear Boringa (GB): Men kan te allen tijde het college ter verantwoording roepen in de commis sievergadering. De hear De Vries (PvdA): Op wat foar moasje doelt de hear Boringa? De hear Boringa (GB): Op dit moment is er geen behoefte aan een motie. De hear Zijlstra (PvdA): De ried jout de kaders oan en dan fiert it kolleezje dat út. Men wol wat mear omtinken foar de lytsere doarpen. Dêrom de ferdieling 50/50. De hear Boringa (GB): De aantallen voor de dorpen zijn nog niet vastgelegd. Wil de invulling van het college afwachten. De wethouder heeft gezegd dat zij het accent op de kleine dorpen wil leggen. De hear De Vries (PvdA): Men jout jûn in kader oan. De hear Bijlsma (FNP): It wenplan is per doarp is fêstspikere. Men besiket in tal kaders oan te jaan sadat foar doarpen dy't no neat krije der ek noch mooglikheden binne. En oare doarpen ek wat mear. Dan kin men it kolleezje gjin carte blanche jaan. De hear Boringa (GB): Het streven is dat er contingenten naar de kleine dorpen toegaan. De hear De Vries (PvdA): Mar wêrom wol GB de saken dan net helderder oan it kolleezje opjaan? De hear Boringa (GB): Wijst erop dat GB ook woningbouw voor Idaerd en Tersoal wil. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD wol in kader stelle. De klam moat dêrby op de lytse doar pen lizze. Wol graach sa gau mooglik it plan fan oanpak sjen. De hear Van der Meulen (CDA): Hoe krijt men it maksimaal oantal wenten nei de lytse doarpen ta? It kolleezje hat in reële ynskatting makke. It CDA sjocht net dat op basis fan de betingsten dy't der lizze, dat mear foar de lytse doarpen boud wurde kin. 04. Ferslach 06-07-2004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 8