Pagina 6 De hear Janse (FNP): Yn Jirnsum leit al tiden in terrein klear foar bou. Dat hie no ek by de plan nen sitte kinnen. De hear Van der Meulen (CDA): Mocht it mooglik wêze noch wat ekstra te dwaan, dan soe dat hiel moai wêze. It kolleezje moat ek sjen nei de hegere kategory yn de lytse doarpen. Kin him fine yn de tasizzing oer de rapportaazje. De hear Zijlstra (PvdA): Der sil oerlis mei PB wêze en men sil nei de ried weromkomme. Akkoart mei punt 1. Bringt as amendemint op punt 2 yn dat de ferdieling 111/111 wêze moat. Fierder akkoart mei de punten 3,4 en 5. Amindeart amendemint 1 fan de FNP (ferdieling 111/111 yn stee fan 90/132). De hear Janse (FNP): Wiist derop dat Jirnsum gjin wenten tawiisd krijt. De hear Zijlstra (PvdA): Net allinne yn Jirnsum is it ynwennertal tebekrûn. Stipe foar amendemint 3. Is net foar amendemint 4. Wol oangeande amendemint 5 earst witte hoefolle wenten foar de Volmawei reserveard binne. Wethâlder Bouma: Men moat wol foar eagen hélde dat in oantal doarpen út de reguliere kontin- ginten wenten krije. Wiist dêrby op Warten. De hear Janse (FNP): Dat is neat bysûnders. Dit giet om de ekstra kontinginten. Wethêlder Bouma: Yn Grou binne der allegearre plannen ('Grou in beweging'). Men moat it kol leezje net fêstlizze op eksakte oantallen. Der moat op tiid in oantal wenten binnensleept wurde. Helbere en kênsrike projekten moatte oan bod komme. De doarpsfisy giet soms ek oer de langere termyn. Is wat fernuvere oer de yntonaasje fan de FNP. De hear Janse (FNP): Dy yntonaasje is der net. De ried moat in bepaald foech oan himsels hélde. De hear Van der Meulen (CDA): As it ynhéldt dat der kontinginten ferlern geane, fynt de FNP dat dan goed? De hear Janse (FNP): Dan moat it nei de ried ta komme. Dêr leit it foech. Wethêlder Bouma: Oer de trije restwenten: men is drok dwaande mei in bedriuweterrein yn Re- duzum. De bedriuwswenten kinne dus ek yn in lyts doarp telêne komme. De hear Janse (FNP): Dan moatte in stik of 10 wenten dy't oan Grou en Akkrum tawiisd binne ek yn de bedriuwswenten stoppe wurde. Wethêlder Bouma: Hat oer Grou al wat sein. Jirnsum is tebekgongen ynit tal ynwenners. Der sille straks 9 nije wenten boud wurde. Der sil ek yn it ramt fan werstrukturearring wat barre. De hear Janse (FNP): De wethêlder moat net hyltyd ferwize nei de reguliere kontinginten foar de lytse doarpen. Dat jout in fertekene byld. Wethêlder Bouma: It oantal kontinginten moatte op in lykwichtige wize ferdieid wurde. Der meie gjin kontinginten ferlern gean. Men komt noch nei de ried oer de wenten fan de Volmawei. It giet foar in part om senioarewenten. It kolleezje docht net samar wat. Ein july komme der foarstellen foar it oanjaachteam. In hegere kategory wentebou: sil dat boadskip meinimme nei BOSL. It kol leezje fynt in opleine ferdieling fan 50/50 te strak. 04. Ferslach 06-07-2OO4/absh/0

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 9