BOARNSTERHIM gemeente R 1 E DSFOARSTEL Riedsgearkomste 12 oktober 2004 Agindapunt 11 (B-stik) Portefúljehâlder boargemaster Y. Dijkstra Behanneljend amtner mf. S.J. Huisman telefoan: 0566 - 629383, e-mail: secretariaat@boarnsterhim.nl Underwerp: Beneaming fan de hear J.R. Galama en mefrou M.E. Minkes as plakferfangende kommisjeleden. Foarstel: 1. Beneam mefrou M.E. Minkes as plakferfangend lid fan de beide riedskommisjes BMM en WWR. 2. Undersykje dêrta de betrouwensbrieven fan de hear Galama en gean oanslutend oer ta de beëdiging. 3. Beneam de hear J.R. Galama yn it plak fan mefrou T.D. Troost-Akkerman as plakferfangend lid fan de riedskommisje BMM. Ynlieding: Yn de gemeente Boarnsterhim binne der twa riedskommisjes. De leden dêrfan wurde beneamd troch de gemeenteried op foardracht fan de fraksjes yn de ried. Arguminten: 1. De fraksje fan de PvdA freget om mefrou Minkes te beneamen as plakferfangend lid fan de beide riedskommisjes. Mefrou Minkes nimt dêrmei it frijfallen plak fan de hear Zijlstra yn, dy't ek plakferfangend lid fan de beide riedskommisjes wie. By har beneaming as riedslid binne de betrouwensbrieven al ûnder- socht en is sy beëdige. 2. Undersyk fan de betrouwensbrieven en beëdiging is foarskreaun. Yn artikel 4, lid 3 fan de feroardering op de riedskommisjes stiet dat ek fan net-riedsleden dy't lid fan in riedskommisje wurde de betrouwensbrieven ûndersocht wurde moatte. Dêrneist moatte sy ek beëdige wurde foardat sy mei harren kommisjewurk begjinne kinne. 3. De fraksje fan GB 2000 bat it fersyk dien om de hear Galama as plakferfangend lid foar de riedskommisje BMM te beneamen. De feroardering op de riedskommisjes 2002 jout oan dat der mar ien plakferfanger de fraksje be neamd wurde kin. (Artikel 4, lid 4). Dêrom is yn oerlis mei de fraksje besletten dat mefrou Troost gjin plakferfangend lid mear is. Yn stee fan har wurdt de hear Galama beneamd. Der is oerlis west mei: It Riedspresidium op 28 septimber 2004. Finânsjes: Net fan tapassing 11Beneaming plv kommisjeleden/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 31