BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 21 sep- timber 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou E. Verkerk (VVD) en mefrou J. Dekker-Hoogeveen (PvdA) 1. lepenjen De foarsitter hyt elkenien wolkom op dizze earste gearkomste nei de simmerfakânsje. Yn it bys- ûnder hyt er it te beëdigjen riedslid mefrou Minkes wolkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Mefrou Velstra (oer punt 14): Spreekt ook namens de familie Mulder. Haalt de prachtige foto's uit de gemeentegids en de website aan die vanuit het zuiden van Reduzum genomen zijn. Het is landelijk gelegen en het bedrijventerrein zal dit nadelig beïnvloeden. De leefbaarheid in het dorp is niet genoeg onderzocht. De meeste ondernemers hebben genoeg ruimte bij hun eigen bedrijf. Er zijn voldoende mogelijkheden en kansen. De inwoners van Reduzum hebben geen goede in spraakgelegenheid gehad. De keuze voor een bedrijventerrein is een historische fout voor de toe komst. Flora en fauna moeten niet wijken voor deze plannen. 3. Beëdiging fan mefrou Minkes as riedslid De foarsitter: De ried hat posityf besletten oer de betrouwensbrieven op de riedsgearkomste fan 6 july. Lést de belofte foar dy by de beëdiging heart. Mefrou Minkes ferklearret en ûnthjit om dêrmei yn te stimmen. De foarsitter hyt har wolkom as riedslid. 4. It fêststellen fan de wurklist De hear Van der Meulen (CDA): Wol graach fan agindapunt 14 in B-stik meitsje. De hear Bouma (VVD): Fan agindapunt 15 in B-stik. De hear Hemminga (GB): Fan agindapunt 12 in B-stik. De foarsitter: It presidium hat oer de oarder gear west. As in stik as A-stik oanjûn wurdt, dan soe men eins dat sa hélde moatte. Trije punten fan de fyftjin no as B-stik te beneamen liket yn striid mei de ôfspraken. Men soe der yn de takomst soarchféldiger mei omgean moatte. Stelt fêst dat de ried dermei ynstimt om de neamde foarstellen oer te nimmen. 04 Ferslach ried 21-09-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 4