BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L I S T Riedsgearkomste: 1 2 oktober 2004. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op útstel fan de hear v.d. Sluis (VVD) beslút de ried om agindapunt 9 óf te fieren fan de wurklist. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 septimber 2004. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform fêststeld. 6. Foarstel om yn te stimmen mei Kaders speeltuinenbeleid. B&S Konform besletten. 7. Foarstel om it riedsbeslút út 1979 oangeande de eardere Stichting Gemeen- B&S temuseum yn te lûken. Konform besletten, wêrby it léste diel fan it stelde ûnder punt 2 fan it útstel ferfalt. De tekst fan It beslút wurdt dêrtroch as folget: 1L ûk it riedsbeslút fan de gemeenteried fan Idaerderadiel, fan 23 oktober 1979, oangeande it ferlienen fan subsydzje oan de Stifting Gemeen temuseum yn. 2. S tim yn mei in ófbouregeling foar de Stifting de Trije Gritenijen. 8. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it pleatsen fan in fergêstingsyn- WWR stallaasje oan de Beslingadyk 7 te Friens. Ofwikend besletten. It troch de FNP yntsjinne amendemint wurdt oannom- men. Op grûn dêrfan wurdt besletten om meiwurking te ferlienen middels in frijstellingsproseduere op grûn fan kêst 19 lid 1 fan de Wet op de Romtlike Oardering oan it bouplan foar it pleatsen fan in fergêstingsynstallaasje oan de Beslingadyk 7 yn Friens. 9. Foarstel ta it wegerjen fan in frijstellingsfersyk foar it legalisearjen fan in stal- WWR ling fan caravans ensfh. yn de agraryske bedriuwsloads op it perseel Hôflân 9 te Grou. Ferfallen (sjoch punt 3) beslutelist 1 2 oktober 2004/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 54