5. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 6 july 2004 De foarsitter: It ferslach wurdt sûnder wiziging goedkard en fêststeld. 6. Ynkommen stikken Oer punt 19 De hear Bijlsma (FNP): Wol de brief fan de gemeente Baarn oer de maksimearing fan de tariven fan de ûnreplik saakbelesting earst ris yn de kommisje besprekke. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried dêrmei ynstimt. Oer punt 24 De hear Roorda (PvdA): PB fan Aldeboarn makket de gemeente attint op de geskikte troulokaasje fan de mennistetsjerke. Hy trunet oan op faasje fan behanneling fan oanwizen fan oare troulo- kaasjes. De hear Bijlsma (FNP): Slút him dêrby oan. De PvdA-fraksje en de FNP-fraksje hawwe in pear moannen lyn al in diskusje hjiroer oanfrege. De foarsitter: It fersyk leit no by it kolleezje en de ried sil der noch oer heare. 7. Foarstel ta oanfolling fan beslút fan 18 febrewaris 2003 op 'beswierskrift tsjin wegering serre Kleeft 1 -3 te Akkrum' De hear Van der Sluis (VVD): Der moat ferdivedaasje komme foar de toeristen en dêrom woe de VVD it as B-stik ynbringe. De saken dy't fan't simmer nei foaren kommen binne, ûnder oaren oer it ponton, hawwe de VVD derta brocht om mei it foarstel fan it kolleezje yn te stimmen. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel ta kredytoanfraach foar fierdere Ontwikkeling fan it 'Waterfront te Grou' De hear Janse (FNP): De projektopdracht is ta stân kommen yn breed oerlis mei alle belutsenen. len fan de kaders is de gebietsbegrinzing (tusken de Minne Finne en de Prinses Wilhelminastrjit- te). De projektopdracht is fêstlein op 15 jannewaris 2002. Yn de foarlizzende plannen is de Min ne Finne no meinommen. De ried is net tidich ynformeard. Men kin gjin betrouwen yn de wethâl- der hawwe as de wethâlder bûten de kaders om hannelet. Kin men it betrouwen hâlde fan mins ken dy't mei foarm jûn hawwe oan de projektopdracht? Neffens de FNP kin men dit net aksep- teare. De hear Bouma (VVD): De VVD hat ek muoite mei it projekt. It grutste beswier is in tekoart oan finansjeel ynsjoch oer dit projekt. Hoefolle fan it frege kredyt is al opbrûkt? De gemeente hat tsj- infallers en der binne grutte projekten. Men kin gjin begrutting fan de plannen sjen litte. Dêroer moat earst mear dúdlikheid wêze. Wethâlder Jonkers: De kaders zijn door de raad bestemd, o.a. met de begrenzing waarbij de Min ne Finne er buiten viel. Men heeft contact met de provincie en die wil een integraal verhaal over het Waterfront. Er komt een bemiddelaar voorbij die namens de eigenaar van de Minne Finne spreekt. Men spreekt nu nog over een visie en daarna komt een plan of een project. Bij een visie geeft men geen gespecificeerd financieel inzicht. Daarvoor is er juist overleg met de provincie om de financiën rond te krijgen. Men wil graag dat er op die plek wat gebeurt en het is niet aan te raden om de voortgang op te houden. Twadde termyn Pagina 2 04 Ferslach ried 21-09-2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 5