Pagina 5 13. Foarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar 'Waterfront en Frisia te Grou' en 'Boam- stee-Súd te Nes' De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 14. Foarstel ta it nimmen fan in stânpunt om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it realisea- ren fan in bedriuweterrein te Reduzum De hear Van der Meulen (CDA): It is goed dat de minsken de wurkgelegenheid yn it doarp behâl- de kinne. Men kaam mei in plan foar de bûtenkant. As de gemeente dêrmei akkoart giet, dan soenen ek oare doarpen mei sokke plannen komme kinne. Der moat in beliedsnotysje komme foar bedriuweterreinen yn de lytse doarpen. Der moat dúdlikheid wêze nei oare ûndernimmers yn oare doarpen. Men soe mei it foarstel meigean kinne as it kolleezje mei sa'n notysje komt. De hear De Vries (PvdA): Freget om in ferdúdliking. De hear Van der Meulen (CDA): It is noch dúdlik genôch wat der no krekt komme sil. As de be- driuwen in grut stik claime dan wurdt der in grut beslach (oardel oant twa hektare) op de grûn lein. Op dy fragen moat earst in goed antwurd komme. De hear Bouma (VVD): De VVD fynt it yn prinsipe in goed plan. Mar der moat bygelyks in byld- kwaliteitsplan hifke wurde. En men moat nochris besjen wat foar effekten der allegearre binne. De hear Janse (FNP): De FNP fûn it in posityf plan, alhoewol't it plak net sa gaadlik is. Men wie troch sykte net op de kommisjegearkomste. Men is tsjin op festiging fan bedriuwen út oare doar pen. It kin trochgean as it toetst wurdt oan de notysje. Wethâlder Bouma: It is terjochte dat der omtinken frege wurdt foar lytsskalige bedriuwichheid yn doarpen. By de provinsje spilet dy diskusje mominteel ek by it streekplan. Men wol yn Reduzum net trochgroeie nei 2500 kante meter. Mar hoefier wol men yn de takomst gean? Der fynt al in toetsing plak, ûnder oaren foar de lânskiplike ynpassing. Moat men dêmeist noch in belied Ont- wikkelje? Hâldt men him dan wol oan it belied as der wer in oanfraach dien wurdt? Mei de ûn- dernimmers is praat oer it plak. Yn it doarp sit men mei de ferkearsbewegingen en sa komt men by dit plak út. It komplete plan komt werom by de ried en dêr kin dan fierder op reageard wurde (ek troch ynwenners). De foarsitter: Freget de wethâlder in taljochting op de ynspraak (n.of. de opmerking fan mefrou Velstra). Wethâlder Bouma: De mooglikheden fan de proseduere binne troch in amtner taljochte. Twadde termyn De hear Van der Meulen (CDA): Fielt dochs foar in belied oangeande bedriuweterreinen by de lyt se doarpen. Oars komt men op in glidende skaal. De ûndernimmer kin dan witte wêr't er sitte wol en kin. It ropt oars in protte f ragen op by oare ûndernimmers yn de gemeente. De hear De Vries (PvdA): Men wol foarkomme dat men net dúdlik foar de ûndernimmers óer is. Kin men net yn prinsipe ja sizze tsjin dit plan? Hy hat op dit momint gjin ferlet fan in beliedsnoty sje, wol fan in toetsingskader. Dat kin yn de kommisje besprutsen wurde. De hear Van der Meulen (CDA): Hat ek behoefte oan sa'n toetsingskader. 04 Ferslach ried 21-09-2004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 8