De hear De Vries (PvdA): Fernuvert him oer de opmerking fan de FNP dat it allinne foar bedri- uwen út Reduzum is. Dy beheining moat men net oplizze. Men docht oars ek alle war om bedri- uwen te lûken. Wethâlder Bouma: It kolleezje leit it foarstel oan de ried foar. As men in belied makket, dan moat men dêroan fêsthâlde. It kolleezje is ree om in kader te meitsjen. It streekplan spilet ek noch mei. Dat kader kin der dit jier noch net wêze. De hear De Vries (PvdA): Miskien hat in oare ferlykbere gemeente soks al útfûn. De hear Van der Meuten (CDA): Seit de wethâlder ta dat sy mei in toetsingskader nei de kommis- je komt? Wethâlder Bouma: Dat kin sy tasizze, mar net mear yn dit jier. De foarsitter: Konkludeart dat de ried ynstimt mei it foarstel. Der sil in toetsingskader ûntwikkek wurde. 15. Foarstellen ta it fêststellen fan de proseduere fan de Dorpenvisies De hear Bouma (VVD): Soe graach kennis nimme fan in tal ynhâldlike suggestjes fan de PvdA. De hear De Vries (PvdA): Betanket de ried foar de meiwurking om it dochs noch op de aginda te pleatsen. De PvdA wol oan de slach en dêrom wol men de fuortgong net fertrage. Jout oan nei it kolleezje dat it yn prinsipe in moai en goed plan is. Der stiet ek al hiel wat yn de doarpefisys. Der soene al saken foar meinommen wurde kinne yn de begrutting. Dan kin men prate oer de aksje- punten yn de doarpen. De hear Hemminga (GB): Bringt de takendiskusje yn it sin. Men soe romte foar nij belied kreëare en net it jild fuort wer útjaan. De hear De Vries (PvdA): Men moat yndied sunich mei it jild omgean. De doarpen hawwe goed oanjûn wêr t ferlet fan is. Net alles kin útfierd wurde. De PvdA wol yn de rin fan it proses mei oanpassings komme dy't winsklik en ferstannich binne. De hear Bijlsma (FNP): Men hie it sa net ynskat. Geandewei it proses kin de ried der wat fan fine. In protte fan de 18 doarpen hawwe dwaande west mei de Ontwikkeling fan de doarpefisys. Dan bliuwt it trije fearnsjier stil. Der binne basale winsken dy't yn besteand belied mei-nommen wurde kinne. Dêrneist binne der bredere projekten dy't op de middellange termyn útfierd wurde kinne en dan binne der gruttere plannen dy't foar de fierdere takomst weiset binne. Der kinne miskien wol daliks in tal saken oan de gong setten wurde lykas ek de yntinsje fan de PvdA is. In doarpspilot giet foarby oan alle wurk foar it gearstallen fan de doarpefisy. Slaan dy pilot dêrom mar oer en gean mei alle doarpen oan de slach. Wethâlder Van den Berg: Er is veel onderling over deze zaak gesproken. De basale wensen lopen nu gewoon door. Zij hoopt dat er straks met jaarplannen per dorp zichtbaar wordt wat er gaat gebeuren. Het moet een structureel karakter krijgen. Een pilot wil niet inhouden dat er in andere dorpen minder zal gebeuren. Alles loopt door en voor vele zaken (recreatieve voorzieningen) is al een beleid. Zij denkt niet dat het meenemen voor de begroting voor 2005 een goede en een mo gelijke zaak is. Als alles in het stappenplan zichtbaar is, kan men bij de voorjaarsnota kijken wel ke ruimte er is. De hear De Vries (PvdA): Hy begrypt de reden foar de weromhâldendheid net. Pagina 6 04 Ferslach ried 21-09-2004/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 9