verhoudingen tussen raadsleden enerzijds en de gemeente anderzijds. Het belang van artikel 15 van de gemeentewet is het voorkomen van de schijn van belangenverstrengeling. Na be oordeling van alle relevante stukken komt de commissie tot het oordeel dat de schijn van be langenverstrengeling kan ontstaan ten aanzien van het adviseurschap en het secretariaat dat de heer Galama voert voor de projectbegeleiding Nieuwe Kade b.v. te Grou. Dit betekent dat de geloofsbrieven ten aanzien van genoemd onderwerp niet in orde bevonden worden. De commissie adviseert derhalve negatief over toelating van de heer J.R. Galama tot plaatsver vangend lid voor de commissie BMM.)" De hear Hemminga (GB): Soe yn in sletten gearkomste der fierder oer prate wolle. De foarsitter: Stelt dat de kommisje yn it iepenbier har advys útbrocht hat en dan moat de ried har dêr yn it iepenbier oer útsprekke. Op fersyk fan de ried ûnderbrekt hy de gearkomste foar 5 minuten. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. De hear Hemminga (GB): It argumint fan de kommisje wie de skyn fan belangeferstringeling. It gie om de Nieuwe Kade b.v. Der is in direksje dy't úfiert wat sy yn it belang fan de b.v. fynt. In adviseur fan de oandielhâlders hat gjin ynfloed op wat de direksje docht. De gemeen te sit as oandielhâlder yn de Nieuwe Kade b.v. Wa foarmt no de direksje? Want dêr is gjin dúdlikheid oer. By de Keamer fan Keaphannel blykt der in oare namme te wêzen as dy yn de ried neamd is. Der wie foar GB net in elemint fan skyn fan belangeferstringeling om de hear Galama net foar te dragen. Men twifelt net oan syn yntegriteit. De hear De Vries (PvdA): De foarsitter fan de kommisje hat in dúdlike taljochting jûn. De aard fan it artikel is net sa sear finansjeel mar it tsjinnet mear as boarch. Hy tinkt dat de kommisje op in goede wize ta har beoardieling kommen is. De hear De Jong (CDA): De CDA-fraksje stiet achter it advys fan de kommisje. De hear Bijlsma (FNP): De FNP kin him fine yn it advys fan de kommisje. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD giet mei it advys fan de kommisje akkoart. Al is it net fan herten. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): By syn beneaming fan Leppehiem hat de yntegriteit ek oan de oar- der west. As de ferstringeling sa nau lein wurdt, dan soe dat betsjutte dat in riedslid gjin maatskiplike funksje útoefenje kinne. De hear De Vries (PvdA): Hat gjin ferlet fan in wiidweidige taljochting fan de hear Hemminga, want de kommisje hat al in útspraak dien. De hear Hemminga (GB): Is it dêrmei net iens. Hy wol it yn in breder kader sette. De hear Van der Meulen (CDA): Hy wiist derop dat de kommisje it wurd yntegriteit net brûkt hat. De hear Hemminga (GB): Dat leit hiel ticht byinoar. Hy soe dat nochris wiidweidich yn de ried besprekke wolle. Pagina 9 04 Ferslach 12102004/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10