De foarsitter: Bringt it advys fan de kommisje yn stimming. It advys wurdt mei 11 stimmen foar en 4 stimmen fan de leden Boringa, Hemminga, Van der Meer en Troost tsjin oernom- men. Konkludeart dat de ried ynstimt mei punt 1 (de beneaming fan mefrou Minkes as plak- ferfangend lid fan de beide riedskommisjes) en dat de hear Galama net talitten wurdt as plak- ferfangend lid. 12. Foarstel ta it net-ûntfanklik ferklearjen fan beswierskriften tsjin it nimmen fan in tarie- dingsbeslút artikel 21 WRO foar it gebiet Wergea-West De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel ta it net-ûntfanklik ferklearjen fan in beswierskrift tsjin it nimmen fan in tarie- dingsbeslút artikel 21 WRO foar it gebiet kom fan Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ôfkeppeljen fan it reinwetter yn Dearsum De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar de oanlis fan it reinwetterrioel yn Akkrum- East De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Slute De foarsitter betanket elkenien foar de ynbring en slút de gearkomste om 23.15 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 9 november 2004. d< de foarsitter, M. Frenäel Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 17 minsken Pagina 10 04 Ferslach 1 2102004/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11