BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L 1 S T Riedsgearkomste: 9 novimber 2004. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 12 oktober 2004. Mid. De hear Hemminga docht it fersyk om by punt 11 fan de wurklist de útsprut- sen tekst fan de foarsitter fan de kommisje dy't de betrouwensbrieven fan de hear Galama ûndersocht hat, mefrou Dekker, letterlik op te nimmen yn it fer slach. Mei it yn achtnimmen fan dizze wiziging wurdt it ferslach fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform besletten. 6. Foarstel ta it fêststellen fan de Programmabegrutting 2005. Mid. Konform fêststeld. Yn relaasje mei de begrutting wurdt de moasje fan it CDA sûnder haadlike stimming oannaam. Mei de moasje wurdt it kolleezje opdroegen it lokaal ûn- derwiisbelied foar it jier 2005 op de wurklist te setten foar de ried fan desim- ber 2004 en mei in útstel foar dekking te kommen. beslutelist 9 november 2004/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 16