BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 12 okto ber 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: mefrou E. Verkerk (oant punt 11), de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: de hear J. Gerbrandij (CDA) 1lepenjen De foarsitter hyt elkenien wolkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Der wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan de wurklist De hear Van der Sluis (VVD): Wol graach punt 9 fan de wurklist ôffiere. Der stiet yn it foar- stel dat it om in frijstellingsfersyk giet, mar it giet om in funksjewiziging fan de agraryske be- driuwsgebouwen. Der hat nea oerlis west mei de oanfreger oer dit punt. Der is sa kâns op rjochtssaken. Hy jout it advys om in mediator oan te stellen om ta in oplossing te kommen. De foarsitter stelt fêst dat GB en de FNP it foarstel fan de VVD stypje. It wurdt fan de wurk list ôffierd. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 septimber 2004 De foarsitter: It ferslach wurdt sûnder wiziging goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken De foarsitter: Der wurdt konfoarm besletten. 6. Foarstel om yn te stimmen mei Kaders speeltuinenbeleid De hear Roorda (PvdA): De boarterstunen binne wichtich foar de Ontwikkeling fan de bern. De bern moatte feilich boartsje kinne. Hy is it iens mei de punten 2 en 3 fan it foarstel. Der in strikte skieding tusken taken fan de gemeente en de boarterstúnferienigingen. Der ûntbrekt in stikje ferantwurdlikheid fan de gemeente yn dy gefallen dêr't noch gjin boarterstún of boar- terstúnferieniging oanwêzich is, lykas yn Boarnstee te Nes. Op de plankaart is der al grûn foar oanjûn. It inisjatyf fan ynwenners fan Boarnstee is ôfbrutsen troch bewenners dy't it dêr op 04 Ferslach 12102004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 2