leid. Dat heeft ook de aandacht van het college. Het voorstel is een consequentie van de uit spraak van de Commissie Beroep en Bezwaar. De hear De Vries (PvdA): Snapt eins net wat punt 2 fan it foarstel dan foar betsjutting hat. Wethâlder Jonkers: Men heeft de regeling en de beoordelingcriteria zelf als raad vastgesteld. Mefrou Minkes (PvdA): Citeert artikel 37, lid 2. Volgens de wethouder voldoet de Trije Grite- nijen echter aan de beoogde activiteiten en de doelstelling. Bij een bestuursrechter zou de gemeente geen enkele kans maken. Het museum heeft niet slecht gepresteerd. Wethâlder Jonkers: Het artikel is wel genoemd, maar het geldt niet voor de Trije Gritenijen. Twadde termyn De hear Van der Meulen (CDA): Freget him óf oft it no giet om it museumbelied of om it weromlûken fan in riedsbeslút. Hy kin akkoart gean mei de ôfbouregeling. It kin lykwols net op basis fan it artikel. It museumbelied sil nochris weromkomme. De hear Bouma (VVD): Fynt dat mefrou Minkes de spiker op de kop slacht. Der wurde ûnei- gentlike arguminten brûkt. De hear Van der Meulen (CDA): Fynt de hear Bouma dat in subsydzjeferoardering dy't yn it ferline opsteld is noait ôfboud wurde kin? De hear Bouma (VVD): Dat spilet hjir net. Artikel 37 wurdt hjir net mei rjocht brûkt. De 1134,00 subsydzje moat oerein bliuwe en it kolleezje kin gjin berop op artikel 37 dwaan. De hear Bijlsma (FNP): Men hat it oer minimale middelen foar de musea. De subsydzje wurdt no oan in plafond bûn. De FNP-fraksje fynt dat op sa'n wize de musea net goed op de kaart set wurde. Tsjinnet dêrta in amendemint yn en lést dat foar: "Oerwaagjende dat: musea wichtige sammelplakken fan de yn dit gefal Boarnsterhimse kultuer en histoarje binne - guon musea yn Boarnsterhim sertifisearre binne oangeande harren kwaliteit - de musea op grûn fan ynsidintele subsydzjes gjin bliuwend belied fiere kinne en mooglik dêrtroch harren sertifisearring wer kwytreitsje sille - der gjin needsaak is om op grûn fan de Algemiene Subsydzjeferoardering de subsydzjes óf te bouwen Beslút: it riedsbeslút út 1979 yn te lûken en dêrmei yn te stimmen mei punt 1 fan it útstel fan it kolleezje net oer te gean ta in ófbouregeling mar it kolleezje op te dragen om te kommen mei in museumbelied foar de musea yn Boarnsterhim en in útstel foar de derby hearende mid dels, en giet oer ta de oarder fan de gearkomste." De hear Roorda (PvdA): It is foar de PvdA-fraksje dúdlik genóch dat punt twa net oerein bliuwe kin. Doedestiids hie men der by it fêststellen fan de subsydzjeferoardering net oan tocht om it âlde beslút werom te lûken. It giet om relatyf lytse bedraggen. Mei in stikje oerlis kin de wethâlder ta in oplossing komme mei in bydrage foar ien kear. Pagina 4 04 Ferslach 12102004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 5