Wethâlder Jonkers: Er is wat verwarring over artikel 37, lid 2. Hij kan zich voorstellen om dat gedeelte in punt 2 ('op basis van artikel 37, lid 2') weg te laten. Dan heeft men onderhande lingsruimte. Hij ontraadt het amendement van de FNP, want bij de begroting kan de raad weer met initiatieven komen. De hear Bijlsma (FNP): De FNP wol struktureel in stikje belied hawwe. Wethâlder Jonkers: Het college heeft afgesproken dat men geen nota's wil schrijven als er geen geld beschikbaar gesteld wordt. De foarsitter: Stelt foar om it part yn punt 2 nei 'Gritenijen' ferfalle te litten. Bringt it amen- demint fan de FNP yn stimming. Mei 2 stimmen foar fan de leden Bijlsma en Janse en 14 tsjin wurdt it amendemint fersmiten. De hear Bijlsma (FNP): Betsjut punt twa fan it foarstel dat er in ôfbouregeling komt? Dan is hy der op tsjin. De foarsitter: De ried stimt mei it foarstel yn mei útsûndering fan de fraksjes fan de FNP en de VVD dy't har net yn punt twa fine kinne. 8. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it pleatsen fan in fergêstingsynstallaasje oan de Beslingadyk 7 te Friens De hear Soeten (PvdA): Op de kommisjegearkomste wie men it iens mei it foarstel fan it kol- leezje. Nei in besite oan Nij Boskma Zathe te Goutum is de PvdA ta in oare fisy kommen. In fergêstingsynstallaasje kin in moaie oanfoljende tûke wêze foar in boer. Der kin in protte enerzjy mei wûn wurde op in miljeufreonlike manier. It hat net in grutte belêsting foar it lên- skip. Omdat der op dit momint net genôch sicht is op de effekten moat der earst belied op makke wurde. Dan kin ek dizze oanfraach toetst wurde. De ried soe in wurkgroep ynstelle moatte om de kaders te ûndersykjen. Soe it foarstel earst sa lang oanhâlde wolle. De hear Janse (FNP): Buorkerijen binne bedriuwen yn it bûtengebiet. It stee fan de buorkerij is har bedriuweterrein. Troch Europeeske en lanlike regeljouwing moatte de boeren ta skaalfer- grutting en ynnovaasje oergean. Neffens it bestimmingsplan is it net tastien om oar ôfeart op it boerehiem te ferwurkjen. As men de fergêstingsynstallaasje fersjoen hie dan hie men it faaks yn it bestimmingsplan opnommen. De gemeente soarget foar de ynfrastruktuer en de gemeente moat dêrby ek by de tiid bliuwe. En oars moat men Ontheffing ferliene. De hear De Vries (PvdA): De hear Janse fynt dat it yn de bestimmingsplannen net goed regele is. En de gemeente soe de diken derop ynrjochte wurde moatte? Kin men de konsekwinsjes dêrfan wol oersjen? De hear Janse (FNP): De oerheid moat soargje foar in goede ynfrastruktuer. De oanfreger moat los kinne mei de fergêstingsynstallaasje. Tsjinnet dêrta in amendemint yn en lést dat foar. "Ferlien meiwurking middels in frijstellingsproseduere ex art. 19 lid 1 fan de WRO oan it bouplan foar it pleatsen fan in fergêstingsynstallaasje oan de Beslingadyk 7 te Friens." De hear Boringa (GB): GB is het absoluut oneens dat een vergistingsinstallatie thuishoort op een bedrijventerrein. Vergisting van uitsluitend mest leidt tot een verliespost. Het betreft hier een uitbreiding ten behoeve van het agrarische bedrijf. Het kan van levensbelang zijn voor het voortbestaan van agrarische bedrijven. Wijst op het bestaan van zulke installaties in Duitsland en Denemarken. Van enige transportbeweging is nauwelijks sprake. De twee bewoners die Pagina 5 04 Ferslach 12102004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6