bezwaar hebben gemaakt, zullen er geen hinder van ondervinden. De vorm van energiewin ning uit biomassa is op dit moment ook onderwerp van onderzoek van de provincie. De hear De Vries (PvdA): Begrypt dat GB fynt dat it trochgean kinne moat sûnder belied? Is it net ferstannich om fan tefoaren in kader fêst te stellen? De hear Boringa (GB): Vindt dat de vergunning voor dit incidentele geval doorgezet moet worden. Het vaststellen van kaders moet niet remmend werken op de voortgang van deze wijze van energiewinning. Hij wil later nog wel eens keer over kaders spreken. De hear Van der Meulen (CDA): It kolleezje hat in tal arguminten neamd om gjin meiwurking te ferlienen. It projekt yn Dearsum is fêstrûn omdat de wetjouwing der noch klear foar wie. Men moat soks regelje omdat it in goede Ontwikkeling is. De lytse oerskriding fan it bouflak op dit plak moat gjin behindering wêze. It CDA fynt it achterhelle dat it op in bedriuweterrein moat. It oantal bewegingen (ien ekstra frachtauto yn de wike) nimt op dizze lokaasje hast net ta. Dêrmei ferfalt it tredde argumint. It CDA fynt dat meiwurke wurde moat oan dizze Ont wikkeling. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is wiis mei it inisjatyf fan de oanfreger. Hy stiet ek ach ter de opmerkingen fan GB en it CDA. Wethâlder Bouma: It kolleezje fynt ditsoarte Ontwikkelingen op himsels ek prachtich. Mar soe de ried gjin kaders stelle moatte? It gie derom dat it in negative Ontwikkeling foar de tagongswei nei Friens hawwe soe. It dykje is der net op berekkene. De hear Van der Sluis (VVD): Dat swiere ferkear is der no ek al. Wêrom no dan dit beswier? Wethâlder Bouma: Der binne berekkeningen makke. In betingst soe wêze kinne om mei lytse- re frachtauto's te wurkjen en dat rekken hélden wurdt mei de tiden (as de measte drokte yn it doarp oer is). De hear Boringa (GB): Zijn er dan ook afspraken gemaakt voor de andere auto's? Wethâlder Bouma: Dat is net fêstlein. As men dat dwaan wol, dan moat men wol hanthaven- je kinne. De hear Van der Meulen (CDA): Wiist derop dat der mear fan sokke diken yn de gemeente binne. As men dan mei fergunningen wurkje wol dan hat men in probleem. Op grûn fan dit argumint moat men it inisjatyf net ophâlde. Wethâlder Bouma: It giet hjir om in hiel smel dykje mei kwetsbere berms. De ferkearsfeiligens is in belangryk aspekt. De hear Bijlsma (FNP): Der is oant no ta sûnder problemen en sûnder fergunningen gebrûk makke fan dit dykje. Fynt it oerdreaun dat foar ien frachtauto yn de wike regelingen makke wurde moatte. Wethêlder Bouma: Men moat rekken hélde mei de fytsers. Der binne wol Ongemakken bard. De hear Boringa (GB): Het gaat nu primair om een vergunning voor een vergistingsinstallatie. Pagina 6 04 Ferslach 12102004/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 7