Wethâlder Bouma: Het is een nieuwe ontwikkeling in het buitengebied. Er zouden bij het toe staan van deze ontwikkeling meer vrachtauto's kunnen komen. Die effecten moeten getoetst worden in het ruimtelijk beleid. De hear Van der Meulen (CDA): It totaal oantal bewegings nimt net substansjeel ta. En dêrom hoecht men der ek gjin belied op te meitsjen. Men mei net ferwachtsje dat it in faktor heger 5/6 wurdt. Mei ien frachtauto yn de wike sit men al op 2000 ton yn it jier, want in frachtauto kin 40 ton meinimme. Men mei net ferwachtsje dat soks in tal kearen heger wurdt. De hear Soeten (PvdA): It giet ek om it bouflak en it lûd dat sa'n ynstallaasje jout. Foar dy dingen moatte kaders oanbrocht wurde. Wethâlder Bouma: It giet derom oft men in nij belied wol. Dêryn kin men in tal betingsten ûn- derbringe. De foarsitter: Freget oft de wethâlder it foarstel fan de PvdA oernimme wol: It foarstel fan it kolleezje ynlûke, in wurkgroep beneame en letter mei in foarstel werom te kommen. Wethâlder Bouma: It soe in goede saak wêze om it yn in belied ûnder te bringen en om it yn- died sa oan te pakken. De hear De Vries (PvdA): De ried hat yn it ferline hyltyd konsekwint oer bestimmingsplannen praat en no wykt men dêrfan óf. De ried soe mei in dúdlike kaderstelling komme moatte. Dan is it foar de langere termyn mei in fisy oplost. De hear Bijlsma (FNP): Freget oft it prosedureel goed ferrint. It kolleezje kin it foarstel net weromnimme want it leit no oan de ried. De foarsitter: Hy hat dêrom de fraach oan de wethâlder foarlein. Twadde termyn De hear Van der Meulen (CDA): Freget him óf oft it doel hat om kaders fêst te stellen. It sil hast ûnmooglik wêze om it tal frachtauto's te hanthavenjen. De hear De Vries (PvdA): Hoe sit it mei de oare konsekwinsjes foar in fergêstingsynstallaasje? De hear Van der Meulen (CDA): Dêrfoar jildt de miljeuwetjouwing. As de oanfreger dêr net oan foldocht, dan krijt er gjin fergunning. Der is in artikel 19 proseduere om fan in bestim- mingsplan óf te wiken. Dit plan docht gjin ófbrek oan de lânskiplike wearden. It CDA fynt dat de oanfreger in kâns krije moat. De hear Van der Sluis (VVD): It bliuwt in probleem om de tafier óf te timmerjen. Dat kin it béste binnen de miljeuwetjouwing ynfolle wurde. It bouflak is foar de VVD net in probleem. Men kin letter noch wolris oer de kaders prate. De hear Boringa (GB): Hij sluit zich aan bij de heer Van der Meulen. De hear Soeten (PvdA): Fynt it in teloarstellende diskusje. It hanthavingsbelied moat skerp steld wurde. De PvdA is net foar ad hoc-belied. Pagina 7 04 Ferslach 12102004/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 8