De foarsitter: Hy hat net de yndruk krige dat de ried in wurkgroep ynstelle wol. De mearder- heid fan de ried wol it foarstel fan it kolleezje net folgje. Allinne de PvdA kin wol mei it foar- stel meigean. Konkludeart dat de ried in artikel 19 proseduere folgje wol. It amendemint fan de FNP wurdt dêrmei sûnder persoanlike stimming oannommen. 9. Foarstel ta it wegerjen fan frijstellingsfersyk foar it legalisearen fan in stalling fan cara vans ensfh. yn de agraryske bedriuwsloads op it perseel Hôflân 9 te Grou De foarsitter: Dit stik is weromnommen. 10. Foarstel oangeande it behanneljen fan in boargerinisjatyffoarstel 'Verkeersveiligheid in de wijk Boarnstee te Nes' De hear Van der Meulen (CDA): Boarnsterhim moat der wiis mei wêze dat der in boargerinis- jatyf ta de ried kommen is. De hear Bijlsma (FNP): Fynt it ek hiel bysûnder dat dit plak fynt en wol meiwurking ferliene oan de fierdere útwurking fan it inisjatyf. Is it net wat te koart om foar 10 novimber mei in riedsfoarstel te kommen? De hear De Vries (PvdA): It hat him fernuvere dat it sa lang duorre hat ear't it earste boarge- rinisjatyf der is. Hy is der no tige wiis mei. It moat mei faasje oppakt wurdt. De hear Bouma (VVD): Hat oan de foarige sprekkers neat ta te heakjen. De hear Hemminga (GB): Is ek wiis mei it inisjatyf. Wol graach de proseduere witte. De foarsitter: It kolleezje sil alle war dwaan om foar de kommisje fan 26 oktober mei in foar stel te kommen en dan kin it foar de ried fan novimber agindeard wurde. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11. Foarstel ta it beneamen fan de hear J.R. Galama en mefrou M.E. Minkes as plakferfan- gend kommisjelid De hear Bijlsma (FNP): Freget útlis oer punt 2. Stelt foar om 'dêrta' derút te litten. De foarsitter: Is it dêrmei iens. Beneamt in kommisje (mefrou Dekker, de hear Van der Meulen en de hear Bouma) om de betrouwensbrieven fan de hear Galama te ûndersykjen. Ûnderbrekt de gearkomste in momint. De foarsitter: lepent de gearkomste wer en jout it wurd oan mefrou Dekker. (Mefrou Dekker (PvdA): "Overwegingen bij het onderzoek van de geloofsbrieven van de heer J.R. Galama. Het is de taak van de commissie te beoordelen of aan alle eisen zoals deze zijn gesteld in de verordening op de raadscommissies is voldaan. In dit kader wordt een opgave van openbare betrekkingen, eventuele financiële belangen in ondernemingen of organisaties waarmee de gemeente betrekkingen onderhoudt en bezoldigde nevenfuncties gevraagd om te kunnen beoordelen of eventuele strijdigheden optreden met de van toepassing verklaarde arti kelen van de gemeentewet. In het kader van zijn voordracht heeft de heer Galama aan dit verzoek voldaan. De heer Galama heeft aangegeven dat hij voorzitter is van de programma raad van Boarnsterhim, adviseur is en het secretariaat voert voor de projectbegeleiding Nieu we Kade b.v. te Grou, voorzitter is van de zakenclub Reduzum, Friens en Idaerd, bestuurslid is van de ondernemersvereniging Handel Nijverheid en Dienstverlening in Boarnsterhim. De commissie heeft in overweging genomen of er strijdigheid optreedt met artikel 15 van de ge meentewet. De strekking van dit artikel is een waarborg te scheppen voor de zuiverheid in de Pagina 8 04 Ferslach 12102004/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 9