BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L I S T Riedsgearkomste: 10 novimber 2004. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt ynsprutsen troch de hear Zetzema oer punt 14 fan de wurklist, en troch de hear Breevink, mefrou De Jong en mefrou Frieswijk oer punt 4 fan de wurklist. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op fersyk fan de hear Janse en mefrou Minkes wurdt besletten om de be- hanneling fan de punten 7 en 8 fan de wurklist om te wikseljen. Op fersyk fan de hear Van der Sluis wurdt besletten om punt 4 fan de wurklist as B- stik te behanneljen. 4. Foarstel oangeande it boargerinisjatyffoarstel "Verkeersveiligheid in de wijk WWR Boarnstee te Nes". Konform besletten. 5. Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar snelheidsremjende maatregels WWR Bûtlânswei. Ofwikend besletten. It amendemint fan GB 2000 wurdt mei 12 stimmen foar en 4 tsjin oannaam. Besletten wurdt sa as yn it oarspronklike foarstel foarsteld is mei útsûndering fan de 4 drompels en byhearrende warskôgingsboarden talúdstrepen. Der wurdt dêrom in kredyt beskikber steld fan 13.000,00 foar: a. it oanbringen fan snelheidsremjende maatregels en b. it pleatsen fan ferkearsboarden "ôfsluting foar frachtferkear" yn it ge- biet de Legeaën op kosten fan it mearjiereynfestearingsplan jierskiif 2005. 6. Foarstel oangeande de lokaasjekar foar de fêstiging fan de Bûtentsjinst. WWR Konform besltten. Foarstel om it kostendekkingsplan 2004 fan it Gemeentelijk Riolerings Plan WWR (GRO) fêst te stellen. Konform fêststeld beslutelist 10 novimber 2004/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 66