Pagina 8 Wethâlder Van den Berg: Heeft toen niet de indruk gekregen dat het een probleem vormde. Wethâlder Bouma: Yn de kommisje fan 2003 is it lokaal Onderwijsbeleid bepraat. De ynsprek- kers hawwe oanjûn dat men op in totaal fan 38.000,00 komt. Der partijen binne al twa jier ûnderweis (BOBOB, PCBO, OSG, biblioteek, pjutteboartersplak, berneopfang, maatskiplik wurk). Dat kin men net samar mei dat wurk ophâlde. De moasje oer it Flechtelingewurk wurdt ôfret want der sil noch oerlis mei de stichting komme. De hear Janse (FNP): Heart men de útslach fan it oerlis mei Flechtelingewurk? Wethâlder Bouma: Der sil oerlis komme mei de it stichting en de útslach sil oan de ried foar- lein wurde (ek as it finansjele konsekwinsjes hat). De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. De foarsitter: lepent de gearkomste wer en jout it wurd oan de hear Van der Meulen. De hear Van der Meulen (CDA): Hy soe graach in moasje yntsjinje wolle oer it lokaal Onderwi- isbelied. Lést de moasje foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim bijeen op 9 november 2004; Overwegende: dat de gehele raad het lokaal onderwijsbeleid een warm hart toedraagt; Besluit: Draagt het college op het lokaal onderwijsbeleid voor het jaar 2005 te agenderen voor de raad van december 2004 en met een dekkingsvoorstel te komen." Mefrou Dekker (PvdA): Wol graach dat it kolleezje op de moasje reageart. De foarsitter: De ried is earst oan bar. Stelt fêst dat der út de ried gjin fierdere behoefte is en jout it wurdt oan wethâlder Van den Berg. Wethâlder Van den Berg: De motie is op zich sympathiek, maar zij wil graag namens het col lege weten hoe de raad de dekking wil invullen. Men weet met hoeveel moeite de begroting sluitend gemaakt is. De hear Bouma (VVD): Hy hat de foarige wike yn de beslutelist lézen dat der by in saak dêr't ek jild foar nedich wie en men de dekking by de jierrekken effektueare woe. Wethâlder Van den Berg: It giet hjir oer in kar foar nij belied. Kin de ried komme ta in dek king? As dat straks in earste kar by de foarjiersnota wurdt, dan kin men mei elkoar miskien in modus fine. De hear Bouma (VVD): Middels dekking mei de jierrekken, dan is dit mjitten mei twa maten. De hear Van der Meulen (CDA): Men soe it foarfinansiere kinne út de algemiene reserve of út ûnfersjoen. En yn desimber fierder deroer beslute oft it trochgiet. De hear Roorda (PvdA): It leafst foarfinansiere út de algemiene reserve. De hear Van der Meulen (CDA): Men wol it kolleezje opdrage om yn desimber mei in foarstel te kommen oer it lokaal ûnderwiisbelied. De ried moat him yn desimber deroer útsprekke. Ferslach 09112004/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10