Pagina 9 Wethâlder Van den Berg: Elkenien moat witte kinne wêr't it oer giet. It kolleezje hat de foar- kar om fan tefoaren fêst te lizzen hoe't it dutsen wurde moat. Dan út de post ûnfersjoen en dan as earste punt by de foarjiersnota oan de oarder stelle. Tredde termyn De hear Van der Meulen (CDA): De foarkar is om it te dekken út ûnfersjoen en it by de foar jiersnota as earste te besjen. It mei ek in oare wize fan dekking wêze. De hear Bouma (VVD): Stiet achter de moasje. Oer de dekking kin letter by it foarstel fan it kolleezje praat wurde. De hear Roorda (PvdA): It giet derom om it belied stal te jaan. Om derút te kommen as foar- lopige dekking út ûnfersjoen. De hear Hemminga (GB): Slút him by de hear Bouma oan. Wethâlder Van den Berg: It wurdt foarfinansierd út struktureel ûnfersjoen en it komt by de foarjiersnota as earste foar strukturele dekking oan bod De foarsitter: Stelt fêst dat de FNP de moasje foarlopich weromlûke wol as de wethâlder yn it foarjier weromkomt mei it oerlis mei de stichting Flechtelingewurk. Stelt fêst dat de ried yn- stimt mei de moasje fan it CDA. De foarsitter: Stelt de punten fan de programmabegrutting 2005 ien foar ien oan de oarder. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Slute De foarsitter betanket in elkenien en slút de gearkomste om 22.15 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 14 desimber 2004. ir. Op de piiblike tribune siete amtlike meiwurkers 9 minsken Dijkstra Ferslach 09112004/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11