Side 5 Hat lézen dat men 7 fan sokke dropkes oanlizze koe foar ien drompel. De hear Janse (FNP): Der moatte minstens safolle maatregelen nommen wurde as der no yn it foarstel steane. Kin dêrom net ynstimme mei it amendemint fan GB. De hear Soeten (PvdA): De PvdA-fraksje kin ynstimme mei it amendemint fan GB en is ek nijsgjirrich nei de suggestje fan de VVD. Wethâlder Van den Berg; Het college hoopt niet dat bij aannemen van het amendement de dorpen met wensen terugkomen. De remmers, het tegengaan van het verkeer dat is wat de dorpen verlangen. De druppels waren duurder dan de remmers die men er nu neerlegt. De hear van der Sluis (VVD): Fynt it frjemd dat de dropkes sa djoer binne. Fan oare gemeen ten hat er heard dat dy goedkeaper binne en goed wurkje. Wethâlder Van den Berg: Zij heeft de papieren niet bij zich, maar dat geldt ook voor de heer Van der Sluis. Mefrou Dekker (PvdA): Freget om in koarte ûnderbrekking. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. De hear Soeten (PvdA): Freget om in tredde termyn. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried dêrmei ynstimt. Tredde termyn De hear Soeten (PvdA): De PvdA stipet it amendemint fan GB. As der al sinjalen út de doar- pen komme dan kin men dér omtinken oan jaan. De hear De Jong (CDA): It CDA soe it ek wol goedkeaper en feiliger hawwe wolle sa't de VVD útstelt. Men is tsjin it amendemint omdat de feilichheid foarop stiet. De hear Janse (FNP): Merkt op dat de PvdA earder achter it plan stie om de Bûtlânswei foar it frachtferkear óf te sluten. Mefrou Dekker (PvdA): Men stiet achter it amendemint op betingst dat der nei in jier evalu- eard wurdt en dan kin men eventueel noch oare maatregelen nimme. De hear Bijlsma (FNP): Sa is it net troch de hear Soeten útlein. Mefrou Dekker (PvdA): Sa bedoelt er it wol. De hear Janse (FNP): Men moat no goede maatregelen nimme en it moat net wer fiif jier duor- je. Mefrou Dekker (PvdA): It giet om in jier en dan wurdt der evalueard en kin alles opnij besjen. De hear Gerbrandij (CDA): Fynt dat de PvdA hjirmei heal wurk levert. Ferslach 10112004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 18