Side 9 Mefrou Minkes (PvdA): It is in hiel yngripende ferheging. De bestjoerder moat syn plicht dwaan en miskien wurdt der in priis betelle dat yn it ferline de kosten net altyd trochberekke- ne binne. Sy is bliid dat der in temajûn is en nimt oan dat ek it ferhaal fan Wetterskip Fryslân oan de oarder komt en wat de morele soarchplicht fan de gemeente dêryn miskien noch is. Wethâlder Van den Berg: Op de temajûn sil men yndied sprekke oer de tasizzing fan it Wet terskip Fryslân en de provinsje. Der is ferskil fan miening oer de soarchplicht. Der binne safol- le ferskillende soarten fan rioeloanslutingen dat it in goede saak is om mei elkoar alles ris troch te nimmen. Yn ferbân mei it ôfkeppeljen fan it wetter wiist sy derop dat it grûnwetter- behear straks ek op it buordsje fan de gemeente komt. In lykmjittige stiging liket it kolleezje it ferstannichst. Twadde termyn De hear Janse (FNP): Net alle ynspanningen binne wetlike ferplichtingen. Foar de kostensti- ging neamt er as foarbyld de riolearing yn it Leechein Akkrum. Fan 300.000 gûne nei 550.000 gûne. De FNP wol diskusjeare oer de opfierde ôfkeppeling fan it reinwetter yn wer- strukturearringsgebieten, want dat is gjin basisfoarsjenning. De FNP-fraksje is net akkoart mei de ferheging fan de tariven. Wethâlder Van den Berg: It kostendekkingsplan: dêr moat op de temajûn goed nei sjoen wur- de. Men ynvesteart net mear as wat needsaaklik is. De boargers moatte net konfronteard wurde mei wetteroerlêst. De hear Janse (FNP): Is it mei it léste iens, mar it kin mei minder kosten. Wethâlder Van den Berg: Men sit as kolleezje al boppe op de kosten. De foarsitter: Bringt it foarstel yn stimming. Der wurdt neffens it foarstel besletten. De frak- sjes fan de VVD en FNP wolle achte wurde tsjinstimd te hawwen. 8. Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oansluten fan 62 wen- /rekreaasjeskippen op de riolearing De hear Janse (FNP): It oanlizzen kostet in slompe jild. Men moat jin ôffreegje wat it miljeu- rendemint of it maatskiplik rendemint is. Dat hâldt net oer. Soe it net oars moatte? Der binne ek nije Ontwikkelingen en dy soe men better ôfwachtsje kinne. It kolleezje freget fan de arke- bewenners in eigen bydrage fan 1.500 euro en de oare kosten foar rekken fan de gemeente te bringen. Dat is net rjochtfeardich yn ferbân mei de oare oanslutings fan de 83 wenningen. Tal fan dy wenten (Poppenwier, de Marsherne) hawwe hege oanslútkosten. De gemeente kin ek foar elkenien allinne it oanlizzen fan it rioel betelje. Der binne ek rekreaasje-arken by. De FNP-fraksje kin noch net út de fuotten mei it stik. Wol graach fan de oare partijen heare hoe't dy oer de foarstellen fan de FNP tinke. Mefrou Verkerk (VVD): De kosten fan de ynvestearringen binne net yn ferhâlding mei de mil- jeu-opbringsten. It gefolch is dat de heffing mei 13 euro omheech giet. Der kin better earst ôfwachte wurde wat it oerheidsbelied wurde sil. De VVD is ek net akkoart mei it ferskil yn ei gen bydrage tusken minsken út ferskillende gebieten yn de gemeente. Wethâlder Van den Berg: Dit zijn door de overheid verplichte aansluitingen. Het zijn woonar ken binnen of buiten de bebouwde kom die op het riool aangesloten moeten worden. Voor het brengen van het riool tot aan het schip moet men net als de anderen 1780 euro betalen. Voor de aanleg op eigen erf staat een door een bureau vastgesteld gemiddeld bedrag van Ferslach 10112004/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 22