Wethâlder Van den Berg: Dan sil dat ek ûntfanklik wêze yn it troch mefrou Minkes neamde gefal. De foarsitter: Bringt de wizige moasje fan de FNP oan de oarder. De hear De Vries (PvdA): Is tsjin mei de tasizzing fan de wethâlder dat der mooglikheden bin- ne by skrinende gefallen. De foarsitter: Stelt fêst dat mei 3 stimmen foar fan de leden Bijlsma, Janse en Van der Meer en 13 tsjin de moasje fersmiten wurdt. Bringt it foarstel fan it kolleezje yn stimming. Der wurdt neffens it foarstel besletten. De fraksje fan de FNP en de hear Van der Sluis wurde achte tsjinstimd te hawwen. 9. Foarstel ta it foar in part ûnbegrûne ferklearjen fan de ynspraakreaksjes by de bou- oanfraach pleatsen stegers oan de Garde Jagerswei te Grou De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel oangeande it ynlûken fan de 'Kwaliteitsverordening Kinderopvang Boarnster- him 1997' De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11. Foarstel oangeande de 'Nota integraal veiligheidsbeleid Boamsterhim 2005-2008' De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel om in ienmalige bydrage yn de realisearring fan in sinnepontsje tusken Warten en Earnewâld De foarsitter: SOnder diskusje en sunder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel foar in ienmalige bydrage yn itt realisearen fan in fytspontsje by de Nieuwe Schouw te Akkrum op fersyk fan de Stichting Akwaseum te Akkrum De foarsitter: SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel ta fêststelling fan de beliedsnotysje 'Permanente bewoning van recreatiever blijven' Mefrou Minkes (PvdA): De hear Zetzema begûn mei de opmerking dat it prima is dat der in transparant belied komt en dat wol de PvdA ûnderstreekje. It útgongspunt is helder: in rekre- aasjebestimming foar rekreaasjewenningen. En de útsûnderingen moatte dúdlik yn byld wêze. De saken moatte op it spoar komme en moatte net wer Ontspoare kinne. Wiist derop dat de VNG in helpdesk foar de ôfwikkeling fan dit soarst saken opset hat, dat is miskien wat goed- keaper as in advysburo. De ynsprekker wol as peildatum 31 oktober 2003. Dat is in soart ul- timum remedium, want de bestimmingsplannen fan de gemeente binne faak wol fan earder. Der waard in datum neamd fan 13-12-2004 by it plan fan oanpak. Der moat gjin ûndúdlikheid bestean oer it paad derhinne. De hear Van der Sluis (VVD): Hy hie net ferwachte dat it der sa yngewikkeld útsjen soe. It giet dan om de persoanbûne gedoochbeskikking dy't foar ferskillende plakken hyltyd wer oars útfalt. De bewenners fan Terherne moatte mar ôfwachtsje oant it nije bestimmingsplan 2005 Side 12 Ferslach 10112004/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 25