Side 13 der is. It sil in protte rjochtssaken en ûndersykssaken mei him bringe. GB en de VVD fiele it meast foar de datum dy't minister Dekker ek as uterste peildatum oanjûn hat: 31 oktober 2004. Hy tsjinnet dêrta in amendemint yn en lést dit foar. "De raad van de gemeente Boarnsterhim in vergadering bijeen d.d. 10 november 2004; Ondergetekend(en) stel(t)Oen) voor aan het raadsvoorstel, onder punt 3 van het voorstel het volgende toe te voegen: "waarbij als peildatum voor de handhaving de uiterste datum, zoals bepaald door minister Dekker van VROM, van 31 oktober 2003 wordt gehanteerd". De hear Janse (FNP): De ynsprekkers hawwe it hân oer de hânhâlding en de ynskriuwing. Dat binne feiten en dêryn moat men har gelyk jaan. Mar hy kin him net foarstelle dat der ferskil- lende soarten fan foarljochting jûn wurde. Oer de moasje fan de VVD/GB: der hawwe min- sken west dy't de gok nommen hawwe. Sy wisten wis wol dat it rekreaasjewenten wienen. Men soe ek kieze kinne foar de moasje om juridyske problemen te foarkommen. Wethâlder Bouma: Men hoecht net de hiele diskusje oer te dwaan. It stik wie helder genôch. Ferkeard gedrach moat men net beleanje. Minsken dy't har dêr nei wenjen setten hawwe, wisten dat it om in rekreaasjewente gie. De fêststellingsdatum fan it bestimmingsplan wie de datum dat it troch de ried fêststeld (yn 1999) waard. Der is berop oantekene troch oare min sken dy't lykwols neat mei de wenningen dêr te meitsjen hienen. Alle gemeenten moatte foar 31 desimber 2004 belied meitsje, dêrnei mei it plan fan oanpak te set en foar 13-12-2005 in gedoochbeskikking ferliend hawwe. As men fan 31 oktober 2003 útgean soe dan soe men al le minsken net op gelikense manier behannele hawwe. Bygelyks sy dy't earder om ynfor- maasje frege hat. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD hat it oer it hiele plan fan de gemeente. Wethâlder Bouma: Dan soenen alle minsken in gedoochbeskikking krije dy't foar 31-10-2003 yllegaal wenje yn in rekreaasjewente. Dat sil de gemeente wol 50 jier wurk besoargje. De hear Van der Sluis (VVD): De minsken begjinne straks allegearre heibel te meitsjen en de gemeente moat it dan mar bewize. Dat kostet in protte wurk en jild. Wethâlder Bouma: Sy is it net iens mei de sketste kostentadieling. By it amendemint fan de VVD/GB sit men withoefolle jierren fêst oan de gefolgen fan in gedoochbeskikking. De hear Bouma (VVD): Wêrom wykt de gemeente óf fan de datum fan de minister? Wethâlder Bouma: Der wurdt in troch de minister in mooglikheid jûn. Men moat minsken dy't bewust rekreatyf har dêr nei wenjen set hawwe net beleanje. De hear De Vries (PvdA): Krijt men dan út de hoeke fan minsken dy't earder in negatyf ant- wurd krigen hawwe gjin claims? Wethâlder Bouma: De gemeente hat notarissen en makelders benadere om de goede ynfor- maasje te ferstrekken. De mooglikheid fan de hear De Vries sit der yn. De minsken kinne net bewize wat der sein wêze soe troch in amtner. De hear Bijlsma (FNP): Blykber wurde minsken dy't der yllegaal wenje by it GBA op dat adres ynskreaun. Kin dat better oanpakt wurde? Ferslach 10112004/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 26