BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op woansdei 17 novimber 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: mefrou E. Verkerk de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen G. de Jong, J. Gerbrandij en D. van der Meuten fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers De hearen E.H.T.M. Nijpels {Kommissaris fan de Keninginne) en R.E.J. Veldhuyzen van Zanten (kabinetssjef) 1lepening De foarsitter hyt elkenien wolkom. Yn it bysûnder de Kommissaris fan de Keninginne de hear Nijpels en de kabinetssjef de hear Veldhuyzen van Zanten. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Dêr wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan de wurklist Dy wurdt ûnferoare fêststeld. 4. It fêststellen fan de profylskets fan de nije boargemaster De hear De Vries (PvdA): Der wurdt dizze jûn oer in nije boargemaster praat. Der is in soart bard yn de léste tiid lykas de werbeneaming fan boargemaster Dijkstra. Men wie unanym ta in posityf advys kommen en dêrút sprekt in stik wurdearring. Der kaam letter lykwols it berjocht fan boargemaster Dijkstra dat er earne oars as waarnimmend boargemaster oan de slach sil. Men moat der no foar soargje dat men de alderbêste boargemaster fan Nederlân foar de ge meente Boarnsterhim krijt. Der sil dêrta in profylskets komme moatte. Yn de betrouwens- kommisje sille yn alle gefallen de fraksjefoarsitters in sit hawwe. Der wurde yn it foarstel twa adviseurs oan taheakke: de gemeentesekretaris (as fertsjintwurdiger fan de gemeentlike orga- nisaasje) en in kolleezjelid. Wat en wa moat eins bepale hoe't de nije boargemaster der útsjen moat? Men woe de boar gers ek by dat proses belûke. De fraach wie hoe't de boargers yn sa'n lytse skoftsje oan bod komme koenen. Der wie gjin breed draachflak (ek fanwegen de krappe tiid) yn de betrouwen- skommisje foar in rieplachtsjend referindum en men hat dêrom dêrfoar keazen om in enkête ûnder de boargers te hélden. Dy enkête koe fan in oare gemeente oernommen wurde en koe opnommen wurde yn Op 'e Hichte (gemeentelik meidielingenbled). It probleem wie soms dat man en frou yn deselde húshâlding it net iens wienen. It is tige lestich om alle ynwenners fan 04 Ferslach 17-11-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 35