Side 2 Boarnsterhim it nei it sin te meitsjen. Der binne úteinlik 711 reaksjes, dy't binnen de stelde tiid weromkommen binne, ferwurke. It makket neffens de enkête net folie út oft de nije boar gemaster in man of frou is. De enkête wiist út dat men immen mei wat 'fleanoeren op de tel ler' siket. Hy/sy moat gesach en fisy hawwe. Oer de portefúljes wurdt oanjûn dat men fei- lichheid en finânsjes graach by de nije boargemaster dellizze wol. De profylskets bestiet út twa parten. It iene part jout in byld fan de gemeente en yn it oare part wurdt omskreaun wat de ferwachtingen oangeande de nije boargemaster binne. Men hâldt derfan dat der oanpakt en trochpakt wurdt. Troch de beskriuwing fan Boarnsterhim kin de kandidaat-boargemaster in goed byld krije fan de gemeente. Men kin de gemeente fansels pas echt kennen leare as men hjir is en mei de minsken praat. De betrouwenskommisje hat in hantrekken fan it ministearje fan Binnenlânske Saken as begeliedend stik brûkt foar it opstel len fan de profylskets. En men hat der in buro by belutsen om de winske kompetinsjes en feardichheden fan de nije boargemaster boppe tafel te krijen. Der is benammen útkommen dat de nije boargemaster in koersbepaler en in netwurker wêze moat. In koersbepaler dy't yn de mande mei de ried de koers útset en de gemeente op koers hâldt. Men kiest bewust net foar in 'snelle manager' dy't in ein foar de troepen útrint. Om de gearwurking binnen en bûten de gemeente stal te jaan is in netwurker nedich. De ynwenners woenen in diedkrêftich en sosjaal minske. In boargemaster mei ynlibbingsfermogen, dy't werklik harkje wol en ek útstrieling hat. Dy't foar in fisy foar de lange termyn in draachflak kreëare kin. Net ien dy't foar de troe pen útrint, mar yn gearwurking mei de ried de saken oanpakt. De grutte linen moatte sichtber wêze; in transparant belied mei in heldere prosesgong. Men ferwachtet in fleksibele ynstelling om op it goede momint de goede oplossings te finen. Immen mei sinjaalgefoelichheid en it fermogen om it proses te organisearjen. De ried en de boargers hawwe foar de yngrediïnten soargje en de amtners hawwe ek har by- drage levere. Hy jout de griffier in komplimint foar de fasilitearing sadat men yn sa koarte tiid mei dizze presintaasje komme koe. Der komt neist de advertinsje yn de Staatscourant en in meideling yn Binnenlands Bestuur ek in advertinsje yn de Volkskrant. Mei in advertinsje yn dy krante lûkt men in ekstra groep minsken oan dêr't in goede kandidaat tusken sitte kin. De hear Janse (FNP): Jout de kompliminten oan de betrouwenskommisje foar it wurk dat dien is. It profyl fan de nije boargemaster is goed omskreaun. De béste boargemaster fan Fryslân is de FNP goed genôch. As de boargemaster in fin mear hat as in bears kin men hielendal te- freden wêze. In earste kwaliteit fan de boargemaster is dat hy de taal fan de befolking ferstiet en sprekt. Oars skept dat in ôfstân en komt dat de kommunikaasje net te goede. 9% hat yn de enkête as tafoeging oanjûn dat men in boargemaster wol dy't it Frysk sprekt. Dêrsûnder soe men yn ferliking mei de hjoeddeiske situaasje oan kwaliteit ynleverje. De FNP tsjinnet dêr- ta in amendemint yn. Lést dat foar: "Heakje nei it Onderdiel "De Portefeuillehouder" it ûnderdiel "De burgervader" ta oan haadstik 3 "Het profiel van de burgemeester". Lit fan it Onderdiel "en bovendien" it part fanôf "en wordt verwachtferfalle. De burgervader De burgemeester dient vanuit zijn maatschappelijke betrokkenheid, zijn interesse in mensen, zijn toegankelijkheid voor en communicatie met de bevolking, zijn gewenste aanwezigheid bij aangelegenheden en zijn betrokkenheid bij de lokale bevolking de Friese taal actief te beheer sen. Niet alleen voor een goede communicatie met de bevolking, ook voor een goede communica tie met de raad is een actieve beheersing van de Friese taal nodig." De foarsitter: Freget oft de leden fan de betrouwenskommisje de behoefte hawwe om op it amendemint te reagearen. 04 Ferslach 17-11 -2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 36