zig? Wat is het eindplaatje? Kan handhaving in de portefeuille terechtkomen? Heeft de raad zelf al een idee over burgerparticipatie? Wordt de burgemeester verantwoordelijk gesteld voor het al of niet halen van de ambities? Het is aantrekkelijk dat men een perceel grond voor de burgemeester beschikbaar heeft. Hij heeft als laatste vraag hoe het werken met bestuurs- competenties bevallen is. De hear De Vries (PvdA): De kommissaris freget in ferklearring foar de 9% dy't it Frysk oan- jout as kwaliteit. Hy kin dy net betinke. Moat de ried in soart fan stimadvys jaan by in ferkie- zing? Dat leit alderearst oan de politike line fan elke partij. Mar de ried kin ek in ienriedich lûd heare litte as men it der oer iens is dat dat goed wêze soe foar de takomst fan Boarnsterhim. Men ferwachtet in diedkrêftige boargemaster dy't de gemeente op koers hâldt en in realisator is, mear immen dy't it prosesmanagemint Ontwikkelt en de ried op sleeptou nimt en dat wol de betrouwenskommisje no krekt net. De bestjoerlike Onderfining fan de kandidaat mei ek yn it ferline lizze. Dy Onderfining is seker in pree. De portefúljeferdieling leit iepen en dêrom is in bredere erfaring winsklik. De hear Nijpels: Freget de hear De Vries oft de boargemaster Onderfining yn it iepenbier be- stjoer of yn it bedriuwslibben hawwe moat. De hear De Vries (PvdA): Lit dat iepen. It giet om immen mei bestjoerlike slachkracht dy't de koers útset. Wiist der noch op dat der no trije fulltime wethâlders binne, mar dat der fêstlein is dat der yn de takomst twa komme en dan sil de portefúljeferdieling der ek oars útsjen. De hear Bijlsma (FNP): Merkt op dat dat beslút noch net nommen is. De hear De Vries (PvdA): De ried hat him wol yn dy rjochting útsprutsen. Nei in earste ynven- tarisaasje fan de feardichheden binne fan de 25 noch 19 ôffallen om ta in beheining fan 6 te kommen. Dêr wie de inisjatyfnimmer ien fan en dat jout oan dat men wis wol inisjativen fan de boargemaster ferwachtet. Der wurdt fan Boarnsterhim sein dat dêr it dualisme útfûn is. De nije boargemaster moat de ried datoangeande op koers hélde. In boargemaster dy't yn de mienskip stiet, sil by de boargerpartisipaasje in wichtige rol spylje. Mei de geografyske posysje fan Boarnsterhim binne der gearwurkingen yn alle rjochtingen mooglik en dêrom moat de nije boargemaster goed om him hinne sjen. De gemeentesekretaris hat wol in stik dat dúdlikheid oer de amtlike organisaasje jout. De boargemaster sil yn steat wêze moatte om oan te jaan hoe't men seis de ambysjes befoarderet of opkeart. Men fynt it wichtich dat boargemaster sa gau mooglik yn de gemeente wennet en de ried is ree om mei de húsfesting te helpen. It wie in ferhelderjend proses om nei de bestjoerskompe- tinsjes te sjen. De hear Nijpels: Vraagt naar de richting van de samenwerking en naar de portefeuille hand having en welke ideëen men over burgerparticipatie heeft. De hear De Vries (PvdA): Oer de boargerpartisipaasje kin er net folie meidiele. Men hat it yn de betrouwenskommisje net oer de portefúlje hanthaving hân en hy wol dat earst noch eefkes yn de betrouwenskommisje besprekke en dêroer in antwurd takomme litte. By gearwurking moat men sjen wêr't de winst leit. It moat oanslute by de doelen dy't de ge meente foar eagen hat. De hear Bijlsma (FNP): De FNP hat ynterrumpeard oer it Frysk. De útlis fan de hear De Vries noasket him net hielendal. Men hat in fêste enkête de gemeente ynstjoerd. De ynwenners koenen mei in krúske de kompetinsjes oanjaan. Der binne ynwenners dy't de muoite nommen Side 4 04 Ferslach 17-11 -2004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 38