Pagina 2 15 van de gemeentewet is het voorkomen van de schijn van belangenverstrengeling. Na be oordeling van alle relevante stukken komt de commissie tot het oordeel dat de schijn van be langenverstrengeling kan ontstaan ten aanzien van het adviseurschap en het secretariaat dat de heer Galama voert voor de projectbegeleiding Nieuwe Kade b. v. te Grou. Dit betekent dat de geloofsbrieven ten aanzien van genoemd onderwerp niet in orde bevonden worden. De commissie adviseert derhalve negatief over toelating van de heer J.R. Galama tot plaatsver vangend lid voor de commissie BMM.) De foarsitter: Mei dy oanpassing wurdt it ferslach goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken De foarsitter: Gjin fragen of opmerkingen. Der wurdt konfoarm besluten. 6. Foarstel ta it fêststellen fan de Programmabegrutting 2005 De hear Hemminga (GB): Der is in takendiskusje yn de foarjiersnota oan it fêststellen fan de begrutting foarôfgien. It streefbedrach foar de besuniging is net helle en dêrom is der no gjin romte mear foar nij belied. Foar de boargers is der in ekstra oanslach: de ferheging fan de hef fingen. By de OZB komt der 2 x 2% by op. Hoe ferhâldt him dat ta de junysirkulêre fan it mi- nistearje?{'Een tarief mag niet hoger zijn dan het maximum en een tarief mag niet meer dan 1,5% stijgen, indien het in 2004 boven de relevante drempelwaarde uitkwam.') Dat ferhâldt him net hielendal mei de ferheging fan de ûnreplik goedbelesting. GB wol net op lange termyn mei ekstra persintaazjes konfronteard wurde, mar dat per jier besjen. Op de pont soe foar in ton besunige wurde. Der wurdt no oan de batenkant 100.000 euro opfierd. Hoe tinkt it kol- leezje hoe't dy baten der komme? Der moat earst in oerienkomst mei de bewenners wêze en dan kin dat pas nei in jier ynfierd wurde. De biblioteek: der soe gjin ferheging komme, mar no komt der in ferheging fan de hiersubsydzje mei 12.500 euro. Hoe kin dat? By de ôffalstoffe- heffing wie kostendekkendheid it útgongspunt. Der wurdt no winst makke. Wat is no bud- zjetêr neutraal? Wêrom moat der winst op makke wurde? It is ek noch net dúdlik oft mei of sûnder BTW is. Der is in oantal jierren in budzjet opnommen foar de rekkenkeamer. Men moat it jild dêroan besteegje en it oars net opfiere. GB wie foarstanner fan it rezjym dat no bart foar it opheljen fan glês en âld papier. Neffens de begrutting binne de bedraggen wakker gelyk. Wêr sit de besuniging yn, dat as argumint foar de oanskaf fan de konteners brûkt waard? Der sil ynvesteard wurde moatte foar it swimbad. Dat mist hy yn de mearjierrebegrutting. Der is dus gjin nij belied. It jild wurdt brûkt foar besteande saken. De hear Van der Meulen (CDA): It hat hiel wat bloed, swit en triennen koste om safier te kommen. It resultaat is in grut tal besunigingen en in stikje nij belied. In flink tal ynvestearrin- gen kinne yn 2005 plakfine. Der wurdt ek yn de organisaasje hiel wat besunige. Yn haadlinen kin de CDA-fraksje akkoart gean. Der moat jild fûn wurde foar it ûnderwiis. Dat fynt men yn de begrutting net werom. It ûnderwiis hat hiel posityf meitocht. Der soe wat foar werom- komme moatte foar it lokaal Onderwiisbelied. De 38.000 euro soe de CDA-fraksje graach op- fiere wolle. It probleem is lykwols hoe't it dutsen wurde moat. Stelt foar om út de post On- fersjoen te heljen. De hear Bijlsma (FNP): Yn it ramt fan de takendiskusje is de begrutting yn dizze foarm ta stân kommen. De ambysjes foar Akkrum en Grou lizze frij heech. De gemeente hat 18 doarpen en it ambysjesnivo foar de oare 16 doarpen is weromdraaid. De ferskate doarpefisy's binne net finansjeel fertaald. In inkelde opmerking oer doarpsbehear is wol wat meager. Om de besuni ging fan it ryk op te fangen moat spitigernôch in diel fan de romte foar nij belied brûkt wur de. Men kin der lykwols mei ynstimme om de begrutting slutend te meitsjen. De reserve foar nij belied woe de FNP net opheffe. Der bliuwt 71.000 euro oer foar nij belied. De wize fan yn- folling dêrfan troch it kolleezje is net nei't it sin fan de FNP. Men leaver in breder oanbod foar Ferslach 09112004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 4